Domtsjerke fan Innsbruck

De Domtsjerke fan Innsbruck (ek: Domtsjerke Sint-Jakobus de Meardere; Dútsk: Dom zu St. Jakob) is de katedraal fan it bisdom Innsbruck. De oan de apostel Jakobus wijde tsjerke giet werom op de 12e iuw.

Domtsjerke Sint-Jakobus

Dom zu St. Jakob

bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Opper-Eastenryk
plak Innsbruck
adres Domplatz 6
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1717 en 1724
arsjitekt Johann Jakob Herkomer en Johann Georg Fischer
boustyl Barok
monumintale status Monumint
monumintnûmer 64166 [1]
offisjele webside
Webstee Ignatiustsjerke op de side fan it bisdom

Skiednis bewurkje seksje

De ierste ferwizing nei de tsjerke datearret fan 1180, doe't de tsjerke yn in ferdrach beskreaun waard as ecclesia in foro. Fan de doedestiidske romaanske tsjerke is fierder neat bekend.

It âldste ôfbyld fan de tsjerke is fan in akwarel fan in stedsgesicht fan Albrecht Dürer en toant de doe noch goatyske tsjerke efter de stedsmuorren fan Innsbruck .

 
Genebyld

Oant de tsjerke yn 1643 in selstannige parochytsjerke waard, wie it in filiaaltsjerke fan it Innsbrucker stedsdiel Wilten. It parochywapen toant de pylgerstêd en de skelp fan de hillige Jakobus. In pear jier letter, yn 1650, kaam it ferneamde skilderij Marije Help fan de Kristenen fan Lucas Cranach de Alde yn de tsjerke. It genedebyld, dat in plak krige yn it heechalter, soarge foar de komst fan in soad pylgers nei de tsjerke. In ierdskodding yn 1689 liede ta skea oan it tsjerkegebou.

Tusken 1717 en 1724 folge de nijbou fan de tsjerke neffens in barok ûntwerp fan Johann Jakob Herkomer en Johann Georg Fischer. Nei de foltôging waarden de ferneamde bruorren Asam út München frege om it ferwulft mei foarstellings út it libben fan Sint-Jakobus te beskilderjen en it stúkwurk oan te bringen. De nije tsjerke waard op 9 septimber 1724 wijd troch Caspar Ignaz greve Künigl, prinsbiskop fan Brixen.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd op 16 desimber 1944 troffen troch in swiere loftoanfal. Twa bommen sloegen troch it ferwulft fan it súdlike transept en ferneatigen de preekstoel. Ek de folgjende wetterskea brocht grutte fernielings. Nei de kriich folge it herstel, dat yn 1950 ôfsletten waard.

Yn 1964 waard it bisdom Innsbruck stifte, de parochytsjerke waard no in biskopstsjerke.

Yn it jier 2000 waard yn de súdlike toer in sakramintskapel ynrjochte. Yn itselde jier wiene der feestlikheden yn it ramt fan it 350-jierrich jubileum fan de komst fan it genedebyld nei de tsjerke. Tagelyk waard it nije domoargel yn gebrûk nommen.

Ynrjochting bewurkje seksje

 
<cener>Ynterieur

Yn de tsjerke stiet it grêfmonumint foar Maksimiliaan III fan Eastenryk, grutmaster yn de Dútske Oarder en fan 1612 oant 1618 regint fan Tiroal. It ûntwerp is makke troch Cspar Graz, neffens oaren lykwols fan Hubert Gerhard, en it jitwurk fan Heinrich Reinhart. Tige nijsgjirrich binne de mei planten, fûgels, slakken en sprinkhoannen fersierde draaide pylders. De foarst knibbelet njonken Sint-Joaris, dy't him by it skouder hâldt. Oant 1772 wie Sint-Joaris de patroanhillige fan Tiroal, sûnt 2005 is Joaris njonken Sint-Joazef de twadde patroanhillige fan Tiroal. Yn de dom leit ek de lêste grutmaster fan de Dútske Oarder begroeven, aartshartoch Eugeen fan Eastenryk.

De heechweardige fresko's binne troch Cosmas Damian Asam en it stúkwurk troch Egid Quirin Asam oanbrocht.

Sintraal yn it heechalter is it ferneamde genedebyld fan Marije mei Bern fan Lucas Cranach de Alde oanbrocht.

De mei ingels ferierde fergulde preekstoel waard yn 1724 boud troch Nikolaus Moll en wurdt troch de deugden Leauwe (ingel mei krús), Leafde (ingel dy't nei it hert wiist) en de Hope (de ingel mei it anker) droegen.

Oargel bewurkje seksje

It grutte oargel op de westlike galerij waard yn de jierren 1998 oant 2000 troch de Eastenrykske oargelbouwer Pirchner (Steinach a. Br.) yn de histoaryske oargelkas fan it ynstrumint fan Johann Kaspar Humpel út 1725 boud. Dêrby waard it materjaal fan de foargonger op 'e nij brûkt. It ynstrumint hat mechanyske spyl- en registertraktueren en meiïnoar 57 registers (3729 pipen).

Ynterieur bewurkje seksje

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side