Donetsk (Oekraynsk: Донецьк, útspr.: [doˈnɛt͡sʲk], likernôch "doo-netsjk"; Russysk: Донецк, útspr. [dɐˈnʲet͡sk], likernôch: "da-njetsk"), ek gauris út it Russysk wei transliterearre as Donjetsk, is in stêd yn it eastlike diel fan de Oekraïne. De stêd leit yn it oblast mei deselde namme en is mei in ynwennertal fan 900.000 ynwenners ien fan de grutste stêden fan it lân. De stêd leit yn in agrarysk lânskip mei heuvels, bosk en steppes. De namme fan de stêd is ôflaat fan de rivier dêr't de stêd oan leit, de Donets, itjinge lytse Don betsjut.

Donetsk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Donetsk
Sifers
Ynwennertal 913.323 (2019)
Oerflak 358 km²
Befolkingstichtens 2.551 / km²
Hichte 169 m
Oar
Stifting 1869
Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid (UTC+3)
Webside Side fan de stêd

Sa'n 110 kilometer súdlik fan Donetsk leit de See fan Azov, dêr't de ynwenners fan Donets harren fekânsje fiere.

De stêd wurdt sûnt 2014 feitlik net mear fanút Kiëv bestjoerd, mar troch de separatistyske en oan Ruslân ferbûne Folksrepublyk Donetsk.

Skiednis bewurkje seksje

 
De swiere yndustry set ek tsjintwurdich in stimpel op de stêd

De stêd is relatyf jong en waard yn 1869 stifte troch de út Wales ôfkomstige John Hughes, dy't mei syn út it Feriene Keninkryk meinommen moderne technyk in metaalfabryk bouwe liet. Om de fabryk hinne ûntstie al gau in delsetting, dy't ferneamd waard nei de stifter en de namme "Jûsovka" krige. Om de iuwwikseling hinne hie it plak al likernôch 50.000 ynwenners.

1917-1992 bewurkje seksje

Jûsovka krige yn 1917 de status fan stêd en waard yn 1924 ta eare fan Stalin omdoopt ta "Stalino".

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd hast folslein ferneatige. Fan 28 oktober 1941 oant 5 septimber 1943 wie Stalino fan de Dútsers beset. De wredens fan de Dútsers tsjin de eastfolken en de joaden yn it bysûnder wie al yn de simmer fan 1941 ta de befolking trochkrongen en in soad ynwenners flechten noch fierder it easten yn. Hast 200.000 ynwenners, en dat wie 40% fan de bevolking, wêrûnder ek in soad joaden, makken dat se fuort kamen. Likernôch 290.000 minsken bleaune efter en dêrfan fermoarden de nazy's ûngefear 60.000. Dêrûnder wiene 17.000 joadske boargers.

De stêd waard nei de kriich yn de doe typyske Sovjetstyl mei in soad grien wer opboud. Troch it anneksearjen fan oanbuorjende gemeenten waard de stêd no folle grutter as foarhinne oanlein. Sûnt 1961 hat de stêd de namme Donetsk, yn de jierren 1960 troch UNESCO neffens it tal ynwenners as grienste yndustrystêd klassifisearre.

Nei 1992 bewurkje seksje

Sûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny yn 1991 heart Donetsk by de ûnôfhinklike republyk Oekraïne.

 
Besetting gebou regionale bestjoer troch pro-Russyske separatisten (2014)

Nei it ôfsetten fan presidint Viktor Janûkovitsj yn 2014 troch krêften dy't in mear pro-westerske rjochting fan it lân easken, ûnstie der yn it easten fan it lân opskuor tsjin it sintrale gesach yn Kiëv. Pro-russyske demonstranten besetten ferskate kearen de gebouwen fan de regionale oerheid yn de stêd en hongen dêr de Russyske flagge op. De OFGE stjoerde op 21 maart 2014 waarnimmers nei de stêd. Op 28 april 2014 fûn yn Donetsk noch in lêste pro-Kiëv demonstraasje plak, dy't út de hân rûn troch't groepen op guon plakken mei wapens troch de stêd teagen om de befolking te yntimidearjen. It Russyske Ministearje fan Utlânske Saken reägearre op de ûntwikkelings yn de Oekraïne troch te ferklearjen dat Rûslân taret wie om de Russyske befolking fan de Oekraïne te beskermjen tsjin represailles fan Kiëv.

Sûnt dy tiid is Donetsk yn hannen fan de separatisten, dy't de (ynternasjonaal net erkende) Folksrepublyk Donetsk útrôpen. Op 25 maaie 2014, in dei nei de nije presidintsferkiezings, waard it fleanfjild fan Donetsk troch pro-russyske separatisten beset, dy't efkes letter wer troch Oekraynske troepen waarden ferdreaun. De striid om it fleanfjild gyng lykwols troch en yn jannewaris 2015 namen de separatisten it wer yn. Ek dêrnei bleau Donetsk, dat oan de grins fan it troch de regearingstroepen en separatisten kontrolearre gebiet leit, in sintrum fan fûle striid. Noch oan it begjin fan 2015 waard de stêd troch it Oekraynske leger mei swiere artillery besketten. Neffens de separatisten ferstoaren 17 soldaten en 4 boargers en waard ek in sikenhûs troffen. In oerienkomst fan 2015 yn Minsk tusken de striidzjende partijen ferbea de ynset fan swiere wapens, mar waard net goed neikommen en ek yn 2017 rekken de partijen wer yn gefjocht.

De befolking hat te lijen ûnder de omstannichheden en in soad minsken, benammen âlderen, binne ôfhinklik fan helpleverings.

Ynwennertal bewurkje seksje

 
Transfiguraasjekatedraal
 
Donbas-paleis

It ynwennertal fan Donetsk woeks yn mar 110 jier tiid fan 164 yn 1870 nei mear as in miljoen yn 1979. Sûnt de ûnôfhinklikens fan de Oekraïne is it tal ynwenners oan it ôfnimmen.

Neffens de folkstelling fan 2001 wie de etnyske ferdieling fan Donetsk as folget:

# Nationaliteit oantal (%)
1 Russen 493.392 48,15
2 Oekraïners 478.041 46,65
3 Wytrussen 11.098 1,15
4 Griken 11.015 0,99
5 Joaden 5.087 0,50
6 Tataren 4.987 0,49
7 Armeenjers 4.050 0,40
8 Azerbeidzjanen 2.098 0,20
9 Georgjers 2.073 0,20
oars 13.001 1,27
Totaal 1.024.678 100,00

It Russysk is de fiertaal yn Donetsk en sels etnyske Oekraïners brûke it Russysk as earste taal. Wylst de measte ynwenners fan it midden en it westen fan it lân Oekraynsk prate, binne de measte ynwenners fan Donetsk russysktalige Oekraïners of Russen. De memmetaal fan de ynwenners fan Donetsk wie neffens de Oekraynske folkstelling fan 2001: [1]

Ekonomy bewurkje seksje

Donetsk is in belangryk sintrum fan de swiere yndustry en de winning fan koal. Under de stêd lizze minen, dêr't de lêste tiid meardere ûngemakken plakfûn hawwe. De koal, staal en chemy fan Donetsk en omkriten soargje foar wichtige boarnen fan ynkommen foar it lân. Lange tiid wie Donetsk dan ek de stêd mei de heechste libbensstandert.

Yntusken hat net allinne de mynbou te lijen ûnder de ekonomyske swierrichheden. Ek de staalyndystry wurket mei ferâldere produksjesystemen. Yn tsjinstelling ta de regio Charkov, dy't netto bydraacht oan de ekonomy fan de Oekraïne, hat de regio Donetsk tsjintwurdich in negative bydrage.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Donbas-arena
  • Tillefyzjetoer (hichte 360 meter)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Donezk