It Donskoj-kleaster (Russysk: Донско́й монасты́рь) is in kleaster foar manlju yn de Russyske haadstêd Moskou. It kleaster waard yn 1591 stifte en foarmet mei it grutte tal tsjerken, de muorren, tuorren en it tsjerkhôf in wichtich religieus en toeristysk monumint en de haadstêd. It leit oan de Donskaja Ulitsa, súdlik fan de âlde binnenstêd en noch krekt binnen de stedsgrinzen fan foar 1917.

Donskoj-kleaster

Донской монастырь

bouwurk
Grutte katedraal fan de Mem Gods fan de Don
Grutte katedraal fan de Mem Gods fan de Don
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 42' N 37° 36' E
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
boujier Aldste bou 1593, 16e oant 21e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710215000 [1]
offisjele webside
donskoi.org

Skiednis bewurkje seksje

 
Ikoan fan de Mem Gods fan de Don

It Donskoj-kleaster waard sûdlik fan de stêd stifte ûnder it regear fan tsaar Fjodor Ivanovitsj. De skiednis begûn mei de bou fan in lytse, ienkoepelige katedraal dy't oan de Mem Gods fan de Don wijd waard. Om dy katedraal te ûnderskieden fan de letter boude katedraal mei deselde namme wurdt dy earste katedraal hjoeddedei de Alde of Lytse Katedraal neamd. De arsjitektuer fan de Alde Katedraal komt net oerien mei dy fan in tradisjonele kleasterkatedraal en hat folle mear fan de yn dy tiid boude parochytsjerken, lykas de yn 1931 sloopte Apostel-Nikolaastsjerke yn it stedsdiel Arbat.

Dat it kleaster en de katedraal wijd waarden oan de Mem Gods fan de Don hie te meitsjen mei de oanwêzigens fan it Ikoan fan de Mem Gods fan Don op itselde plak yn de dagen dat de Tataren Moskou bedrigen en der in mobyl fort op dit plak fêstige wie om Moskou te ferdigenjen. Dat ikoan waard yn dy nuodlike tiid út de Ferkundigingskatedraal yn it kremlyn helle en ûnderbrocht yn it kamp fan Boris Godûnov, dêr't in tydlike Sergius fan Radonezjtsjerke stie. It ikoan moast Ruslân bystean om te helpen by de striid tsjin de fijân, sa't it dat neffens de tradysje earder ek dien hie by de Slach om Kûlikovo yn 1380, doe't Dmitri Donskoj it ikoan meinommen hie. De Tataren joegen belies en waarden by de weromtocht ferslein.

 
Kompleks fanút de loft

In grut kleaster wie it ynearsten net. Yn de ûnrêstige tiid tusken 1604 en 1613 waard it troch Poalske troepen ferneatige en bleau it foar in lange tiid ferlitten. De sitewaasje fan it kleaster begûn te feroarjen doe't oare kleasters oan it Donskoj-kleaster waarden tawiisd. Tsjin de ein fan de 17e iuw waard mei help fan tsarevna Katarina Aleksejevna útein set mei in omfangryk bouprogramma. Yn 1698 waard in folle gruttere katedraal ynwijd. Dy ek oan it Don-ikoan wijde tsjerke wurdt ek wol de Grutte Katedraal neamd. Likernôch yn deselde tiid (1686-1711) krige it kleaster in nije bemuorring mei tolve tuorren, dy't wol wat ha fan de tuorren fan it Novodewitsjy-kleaster.

It gyng it kleaster yn de 18e iuw goed foar de wyn en it besiet in soad grûn mei liifeigenen. Yn dy tiid ûntstie it kleaster sa't it tsjintwurdich oerlevere is. Der waard in poartetsjerke boud (1713-1714), in klokketoer boppe de westlike poarte (foltôge yn 1753) en in ferbliuw foar de archimandriten (1745-1750). Ek kamen der oare nije gebouwen, wylst de muorren fan de Grutte Katedraal beskildere waarden mei nije fresko's fan de italjaanske keunstner Antonio Claudio.

 
De oanslach op aartbiskop Ambrosius (Charles Michel Geoffroy, 1845)

In tragysk barren fûn yn 1771 yn it kleaster plak. It Russyske leger hie fanút súdeast Jeropa de pest meinaam en dy feroarsake yn de jierren 1770-1771 in epidemy. Doe't bekend waard dat yn 1771 ek yn Moskou de pest omware, dreau de wanhope fan de minsken de befolking ta anargy. Dokters waarden der fan beskuldige pasjinten moedwillich dea gean te litten of sels te fergiftigjen. Maatregels om de epidemy tsjin te gean, lykas it ferbaarnen fan de klean fan slachtoffers, waarden ferkeard begrepen en soargen wer foar nij gewelt. Sûnder tastimming waarden de prosesjes holden mei it risiko fan fierdere besmetting. No hie aartsbiskop Ambrosius ek in wûnderdiedich ikoan oan de Barbarapoarte ferwiderje litten, om't dêr grutte kloften byinoar kamen en sa de epidemy fierder holpen te fersprieden. Dat feroarsake grutte lilkens en foar in nije weach fan geweld. Wylst de aartsbiskop him yn it Donskoj-kleaster skûl hold oerfoel in dwylsinnige mannichte it kleaster en lynchte dêr de aartsbiskop. De dieders fan it trelit waarden identifisearre en ophongen.

Yn de 19e iuw waard op it kleasterterrein in skoalle oprjochte om kandidaten ta te rieden foar it seminarium. Ek hie it kleaster in skoalle fan ikoaneskilders. it kleastertsjerkhôf waard aloan grutter. Foar de revolúsje hie it kleaster de heechste status dy't it hawwe koe.

Nei de Oktoberrevolúsje bewurkje seksje

Al gau nei de revolúsje fan 1917 begûn de nije anty-religieuze oerheid mei it opheffen fan kleasters en ek it Donskoj-kleaster waard al yn 1918 formeel sletten. It monastike libben gyng lykwols noch troch oant it ein fan de jierren 1920. Yn dy perioade krige patriarch Tichon nei syn arrestaasjes hûsarrest yn it kleaster en ûndergyng alderlei narderij fan de bolsjewiken. De patriarch ferstoar yn 1925 yn in klinyk en waard mei Palmpeaske by de súdlike muorre yn de âlde katedraal yn in nammeleas grêf begroeven.

 
Bewarre reliëf fan de yn de jierren 1930 ferneatige Ferlosserkatedraal

Yn de jierren 1920 waard in anty-relieuze útstalling yn it kleaster organisearre. Letter waard der yn it kompleks in anty-religieus keunstmuseum oprjochte. Op it tsjerkhôf waard yn 1927 in krematoarium boud, mei hege útsûndering mocht der noch op it hôf begroeven wurde. Yn 1929 wiene alle kleastertsjerken fan it eardere kleaster sletten foar de earetsjinst. Weardefolle 18e oant 19e iuwske dokuminten út it kleasterargyf ferhûzen nei de steatsargiven.

Yn de jierren 1930 waarden allegear fragminten fan guon ôfbrutsen tsjerken nei it terrein brocht, lykas dy fan de Himelfearttsjerke oan de Pokrovkastrjitte, de Nikolaastsjerke fan Bely Gorod, de heech-reliëfs fan de Ferlosserkatedraal en in fragmint fan de Sûcharev-toer en de byldhoukeunst fan de triomfbôge dy't op it Triumfalnaja Plein stien hie. Yn 1964 waard it kleaster in dependânse fan it Museum fan Arsjitektuer.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de Lytse Katedraal wer iepene foar de earetsjinst. Yn 1982 foel it beslút om it patriargaat te ferhûzjen nei it Donskoj-kleaster om dêr de offisjele residinsje fan de patriarch te fêstigjen, it waard lykwols net it Donskoj-kleaster mar it Danilov-kleaster dat dy funksje krige.

Weroplibbing bewurkje seksje

Yn 1991 waard it Donskoj-kleaster wer oerdroegen oan it patriargaat fan Moskou. De Grutte Katedraal waard op 18 augustus wer op 'e nij ynwijd. Deselde jûn waard de Lytse Katedraal troch in ynkringer yn 'e brân stutsen. By de restauraasjewurksumheden waarden opgravings útfierd, wêrby't op 19 febrewaris 1992 it grêf fan patriarch Tichon iepene waard, alhoewol't it oant dan ta noch altiten net wis wie oft it grêf dêr yndied wol lei. It omskot fan de patriarch waard dêrnei yn in sarkofaach lein en oerbrocht nei de Grutte Katedraal.

Tsjerken [2] bewurkje seksje

Ofbyld Namme Foltôge yn
  Boris Godûnov lei nei de oprjochting fan it kleaster persoanlik de earste stien foar de katedraal, dy't yn 1593 wijd waard oan it Ikoan fan de Mem Gods fan de Don. De tsjerke hat trije lagen kokosjniki en in bekroaning mei ien koepel. Tusken de toer mei in tintfoarmige ôfsluting leit de refter. De ikonostase yn de tsjerke stamt út 1662 en komt oarspronklik út ien fan Moskou's troch de bolsjewiken ferneatige tsjerken. De tsjerke wie tusken 1929 en 1946 sletten foar de earetsjinst en waard yn dy tiid brûkt as fabryk. 1593
  Mei de Grutte of Nije katedraal waard yn 1684 útein set. De yn 1688-1698 troch Moskouse masters boude ikonostase hat acht rigen mei ikoanen. Sintraal yn de ikonostase hat in kopy fan it ikoan fan de Mem Gods fan de Don in plak krige, it orizjinele ikoan is yn it Tretjakovgallery te sjen. De fresko's yn de katedraal binne skildere troch Antonio Claudio yn 1782-1785. 1684
  Tsjerke fan de Mem Gods fan Tichvin (noardlike poartetsjerke) 1714
  Poartetsjerke fan Sacharías en Elisabet 1753
  Tsjerke fan de Aartsingel Michael 1809
  Tsjerke fan Jehannes Krysostomus 1891
  Tsjerke fan Jehannes fan de Ljedder 1899
  Tsjerke fan Tichon, patriarch fan Moskou en hiel Ruslân 1998
  Tsjerke fan de hillige Joris 2000
  Aleksander Nevskitsjerke 2006

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Vysotsky Monastery