De Doop fan Jezus of de Doop fan de Hear is beskreaun yn de evangeeljes fan Mattéus, Markus en Lukas. It Evangeelje fan Jehannes neamt de doop net streekrjocht. Measte teologyske gelearden sjogge de doop fan Jezus troch Jehannes de Doper yn de rivier de Jordaan as in histoarysk foarfal dat njonken de krusiging fan Jezus as ien fan de foarfêste feiten oer him en brûke it faak as it úteinsetten fan de stúdzje oer de histoaryske Jezus.
De doop is yn de evangeeljes ien fan de fiif wichtichste foarfallen yn it libben fan Jezus, dêr't de oare foarfallen fan de Ferhearliking, Krusiging, Opstanning en Himelfeart binne. De measte kristlike tsjerken sjogge de doop as in wichtich barren en it grûnwurk foar de kristlike rite fan it dopen (Hannelingen 19:1-7).
Yn de Eastersk-Otterdokske tsjerken wurdt de doop fan Jezus op 6 jannewaris fierd, dêr't de datum fan neffens de Juliaanske kalinder oerien komt mei 19 jannewaris neffens de Gregoriaanske kalinder, as it feest fan de Trijekeningen. Yn de Roomsk-katolike, Anglikaanske, Luterske en inkelde oare westerske tsjerken wurdt it betocht op in dei yn de folgjende wike as it feest fan de "Dop fan de Hear". Yn de Roomsk-katolike tsjerke is de doop fan Jezus ien fan de Geheimen fan it Ljocht dat bytiden oan de Roazekrâns taheake wurdt.

De Doop fan Jezus troch Andrea del Verrocchio en Leonardo da Vinci om 1475 hinne