Doardtske gevel

(Trochferwiisd fan Dordtske gevel)

In Doardtse gevel is in Renessânse geveltype dat yn de stêd Doardt ûntwikkele waard, mar ek op oare plakken wol te sjen is.

Huis de Sleutel is in foarbyld fan in Doardtske gevel

in Doardtske gevel is in trepgevel dy't fierders as skaaimerk hat: rûnbôgen boppe de finsters mei in nis fersierd mei in trijefâldich klaverblêd, in oantalkopkes as fersiering en faak boppe de ûnderpui nog twa ferdjippings.

De âldste gevels binne fan 1550 ôf -, mar de measte binne tusken 1650 en 1795 boud.

De Doardtske gevel waard boud as masterproef foar it mitselersgilde fan Doardt, dêr't alle kanten fan it mitseljen yn nei foaren komme koe. It ûntwerp waard súver net wizige doe't der nije arsjitektonyske stilen opkamen. Yn 1725 vbeslette it gemeentebestjoer dat de Doardtske gevels net mear fan pas kamen yn de deftige strjitten fan de stêd en hjitte it gilde dat mitseldersproeven allinnich noch yn efterôfstrjitten útfierd wurde mochten. Sa komt it dat dizze gevels ek yn lytse strjitten oan de râne fan de binnenstêd te finen binne. Nei it opheffen fan de gilden yn 1795, waard de tradisjonele Doardtske gevel net mear boud.. Om 1900 hinne kaam dizze styl koarte tiid werom as histoarisearjende neostyl.

By de yngripende sanearing fan dielen fan de binnenstêd yn de 60er jierren fan de 20e iuw binne in protte efterstrjitsjes sloopt. De moaiste gevels binne doe lykwols oarbrocht nei de Hofstrjitte en de eastlike side fan it Statenplein. De Hofstrjitte krige sa it skildereftige karakter dy't it no hat.

Om 1900 hinne wiene der noch sa'n 150 Doardtske gevels yn Doardt, der binne noch sa'n 50 fan oer.

Bûten Doardt bewurkje seksje

Doardtse boumasters hawwe ek yn oare stêden oan 't wurk west en dêr Doardtske gevels set. Foarbylden dêrfan wurde fûn yn Delft, Woudrichem, Haarlim, Ljouwert en Grave.

Fotogalery Doardtske Gevels bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje