In dormitoarium is in sliepseal yn in abdij of kleaster. It wurd is ûntliend oan it Latynske wurd dormire, itjinge "sliepe" betsjut.

Dormitoarium fan it Mosteiro de Alcobaça, Alcobaça (Portugal)

Oan it begjin fan de kleasters slepten de muontsen mienskiplik by inoar yn it dormitoarium. Folle letter krigen de muontsen in eigen sel. Sûnt waard mei in dormitoarium de fleugel fan it kleastergebou ornearre, dêr't de muontsen slepten.