Douwe Aukes (yn Fryslân, 1612 - op see, 1668) wie in Fryske kaptein foar de Feriene Eastyndyske Kompanjy en in seeheld.

Aukes fear, krekt as syn heit Auke Douwes[1], foar de VOC. Op de skippen Maastricht en Frede makke hy ferskate reizen nei Súd Afrika. Yn 1641 waard hy as kaptein fan de Vogelstruys beneamd, in skip mei 40 kanons fan de Amsterdamske Keamer fan de VOC. Doe't yn 1652 by de Earste Ingelske Oarloch de Vogelstruys tafoege waard oan de float fan Michiel de Ruyter waard Aukes yndirekt marine-ofsier.

Op in stuit yn de Slach by Plymouth dwaalde hy ôf fan de Nederlânske float en waard it omsingele skip hast nomd troch de Ingelsen. Aukes driigde in baarnende lont yn in krûdfet te stekken, in bekende trúk om de manlju ta fûleindiger fjochtsjen oan te fiterjen. Syn bemanning biet doe sa hurd fan him ôf dat de Ingelske interploech wer fan it skip slein waard, der twa Ingelske skippen hast ta sinken brocht waarden en in tredde slim beskeadige waard. De Vogelstruys wist him doe wer by de rest fan de Nederlânske float oan te sluten. Nei ôfrin fan de oarloch bleau Aukes yn tsjinst by de VOC.

Yn 1657 wurdt hy fermelden as kaptein fan in keapfarder yn de Levanthandel. Yn 1665 wie hy keapman yn Amsterdam. Yn 1666 by de Twadde Ingelske Oarloch waard hy troch de Steaten fan Fryslân frege om luitenant-admiraal fan de Fryske Admiraliteit te wurden as opfolger fan de sneuvele Tsjerk Hiddes de Vries, mar Aukes bliek krekt wer ôfsetten te wêzen en wie ûnderweis nei Ynje. Yn 1668 stoar hy op de weromreis. Syn grêf leit yn de Alde Tsjerke yn Amsterdam

De Nederlânske Marine hat in skip nei Douwe Aukes neamd, Hr. Ms. Douwe Aukes. It giet hjir om in minelizzer fan 687 ton mei in kapasiteit fan 60 minen dy't fan 2 novimber 1922 - 1966 tsjinst dien hat by de Keninklike Marine.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: