Douwe Bob Posthuma (Amsterdam, 12 desimber 1992) is in Nederlânske sjonger. Yn 2012 die Douwe Bob mei oan de talintejacht De beste singer-songwriter van Nederland. Douwe Bob brocht yn 2013 syn debútalbum Born in a storm út. tegearre mei Gers Pardoel en Kensington wie Douwe Bob op 5 maaie 2014 Ambassadeur van de vrijheid en gie mei in helikopter in tal befrijdingsfestivals bydel. Yn 2016 fertsjinwurdige Bob Nederlân op it Eurovisiesongfestival mei it nûmer Slow down, hy behelle yn de finale in alfde plak. Douwe Bob hat fiif studio-albums útbrocht. In 2018 wie Douwe Bob ien fan de fjouwer coaches in it sande seisoen fan de talinetejacht The Voice Kids.

Douwe Bob
sjonger en/of muzikant
Douwe Bob (2016)
Douwe Bob (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Douwe Bob Posthuma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 desimber 1992
berteplak Amsterdam
wurkpaad
sjenre Americana
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Hold me,
Slow down
jierren aktyf 2012-no

Priveelibben bewurkje seksje

Douwe bob waard berne as soan fan keunstner Simon Posthuma en dûnseres Ellen Benard. Douwe Bob is in healbroer fan keunstneres Roselie Posthuma. Syn famylje is fan Frysk komôf.[1] Desimber 2021 waard Bob heit fan twa dochters en yn maaie 2022 fan in soan berne út trije iepen relaasjes.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Singles
Born in a storm 3 maaie 2013 Rodeomedia Multicoloured Angels,
Blind Man's Bluff,
Stone Into the River",
You Don't Have to Stay
Pass it on 15 maaie 2015 Universal Hold Me (ft. Anouk)
Fool bar 6 maaie 2016 Slow down,
How lucky we are,
Jacob's song
The Shape I'm In 9 novimber 2018 Shine,
I Do,
Consider
Born to win, born to lose 28 maaie 2021 Hold on,
Was It Just Me

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: