Douwe Jan Vincent van Sytzama

Douwe Jan Vincent van Sytzama (Ljouwert, 18 july 1816 - Driezum, 11 augustus 1886) wie boargemaster Dantumadiel.

Rinsmastate
(2009)
Wapen fan Sytzama

Hy wie de soan fan Johannes Galenus fan Sytzama. Yn 1843 boaske er oan Adriana Janke Albarda (1822-1891), dochter fan grytman fan Ferwerderadiel Jan Albarda en Trijntje de Schepper.

Nei in militêre karriêre fan 1846 - 1876 waard er boargemaster fan Dantumadiel. Hy wenne nei syn houlik op Rinsmastate yn Driezum en liet in soad fan him hearre as filantroop en as persoanlike fijân fan de Fryske dichter Hjerre Gjerrits van der Veen.

Portretten bewurkje seksje

Troch Hendrik Antoon Pothast (Frysk Museum)

Bern bewurkje seksje

Van Sytzama en syn frou krigen ûndersteande bern:

  • libbenleas bern (dochter), ( 27 maaie 1844)
  • Catharina van Sytzama, (Dantumadiel, 5 oktober 1845) - 30 septimber 1892)
  • Wilhelmina Adriana Geertruid van Sytzama, (Driezum, 3 jannewaris 1848, troude yn Dantumadiel, 25 septimber 1868 mei Paulus Gevaerts, 30 jier, berne yn Burgum, soan fan Robbert Gevaerts en Catharina Maria van Heemstra.
  • Johannes Galenus van Sytzama (*17 septimber 1849)
  • Adriana Johanna Wilhelmina van Sytzama baronesse van Sytzama (1851-1877)
  • Jan Maurits Vincent van Sytzama (*6 augustus 1854)
  • Wilhelmina Christina van Sytzama (* 20 septimber 1857)
  • Maurits Pico Diederik van Sytzama (* 15 juny 1862)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: