Dover is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Delaware. It is teffens it haadplak fan Kent County. De stêd hat in oerflak fan 58,8 km² dêr't 0,8 km² fan oerflaktewetter is. Dover leit 140 km fan Philadelphia en Washington, D.C. ôf.

Dover
Sintrum fan Dover
Sintrum fan Dover
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Delaware
County Kent
Sifers
Ynwennertal 36.047 (2010)
Oerflak 58,8 km²
Befolkingsticht. 617 / km²
Stêdekloft 152.255
Hichte 11 m
Oar
Stifting 1683
Tiidsône EST (UTC-5)
Simmertiid EDT (UTC-4)
Offisjele webside
Offisjele webside Dover

It plak leit oan de rivier de St. Jones yn de kustflakte fan de rivier de Delaware. De stifter fan Dover, William Penn hat it plak ferneamd nei Dover yn Kent, Ingelân.

Dover is it thús fan de Delaware State University en it Wesley College. It eardere Dover Opera House, dat yn 1904 wboud waard, is renovearre en de bestimming is wizige yn it Swartz Center for the Arts, in keunstsintrum foar it Symfonyorkest Dover, balletfoarstellingen en klassike films.

Kapitool fan Delaware

Keppelings om utens bewurkje seksje