Dragør (gemeente)

Dragør is in gemeente yn Grut-Kopenhagen yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.

Dragør
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Eik Dahl Bidstrup (sûnt 2014)
sifers en geografy
haadplak Store Magleby
ynwennertal 14.272 (2018)
oerflak 18,42 km²
skiednis
oprjochte 1974
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.dragoer.dk

De gemeente Dragør is in lytse gemeente op Amager. De gemeente bestiet út de twa stêden Dragør en Store Magleby, dy't nei inoar ta groeid binne en hast ien plak foarmje.

De gemeente ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1974 troch gearfoeging fan de parochy's Dragør en Store Magleby.

Yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 2007 bleau de gemeente selsstannich, mar moast wol in gearwurkingsoerienkomst slute mei de oanbuorjende gemeente Tårnby.

Plakken bewurkje seksje

Grutste plakken yn de gemeente
Nr Plaknamme Ynwenners (2011)
1 Dragør 11.721
2 Søvang 1.707

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: