De Drentse Monden ûntstiene by de feanterij fan it Boertanger Fean yn de Nederlânske provinsjes Grinslân en Drinte. Troch it graven fan de sydkanalen dy't heaks op it Stedskanaal lizze, ûntstiene der saneamde monden (mûnings) dy't foar it ôfwetterjen fan it fean en it ferfier fan turf tsjinnen. By dy mûnings del ûntstiene doarpen en dy krigen de namme mei fan it doarp dat bewesten lei, yn 'e rjochting fan de Hûnsrich.

Gasseltenijveenschemond sjoen rjochting Stedskanaal

Taal bewurkje seksje

De Monden lizze allegear yn Drinte, dochs wurdt der benammen in Grinslânsk dialekt sprutsen; it Feankoloniaalsk. Dat komt om't de monden oriïntearre binne op it Grinslânske plak Stedskanaal, en om't se "kolonisearre" waarden fanút gebieten dêr't Grinslânsk sprutsen waard.

De Drentse Monden fan it noarden nei it suden ta bewurkje seksje

Al dy doarpen binne opinoar folgjend neamd nei Gasselternijveen (en Gasselte), Drouwen, Buinen, Ekslo, Valthe en Weerdinge. Al dy doarpen lizze yn de gemeenten Aa en Hunze, Borger-Odoorn en Emmen.

De monden wurde fanút it noarden nei it suden ta hieltyd justjes langer. Yn de tiid fan de feanterij hiene guon fan dy doarpen twa kanalen: in Noarderdjip en in Suderdjip. Healwei de tweintichste iuw waarden in soad fan dy djippen tichtsmiten.

Sjoch ek bewurkje seksje