Drylts (Nederlânsk en offisjeel: IJlst) is in stêd yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 3.295 ynwenners (2006), en leit yn it súdwesten fan Fryslân, sa'n 5 km fan Snits, dêr't it oer it wetter fia de Geau mei keppele is. Drylts hat in stasjon oan it spoar Ljouwert-Starum. Oant 1984 wie Drylts in selsstannige gemeente, en fan 1984 oant 2011 wie Drylts it haadplak fan de gemeente Wymbritseradiel.

Drylts
Oertunen oan de Ie yn Drylts
Oertunen oan de Ie yn Drylts
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 3.015 (2021)[1]
Oar
Postkoade 8651
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 1' NB, 5° 38' EL
Drylts
Drylts
Kaart fan Drylts
Kaart fan Drylts
Offisjele webside
Webstee fan Drylts
Kaart
Drylts (Fryslân)
Drylts
Kaart
Oertunen oan de Ie yn Drylts
Stedsgebiet fan Drylts yn de eardere gemeente Wymbritseradiel
Dizze side giet oer de stêd Drylts. Foar de eardere gemeente, sjoch: Drylts (gemeente).

Skiednis bewurkje seksje

 
Alde kaart fan Drylts út de Beskriuwing fan de Hearlikheid Fryslân troch Bernardus Schotanus a Sterringa útjûn yn 1664

Drylts is ûntstien oan 'e Alde Ie of Yem ien fan de feanfearten yn súdlik Fryslân. Dat wie fan âlds in rivierke dat de Sudersee ferbûn mei de Middelsee. Oan 'e Ie tanket it stedsje syn namme. Hjoed oan 'e dei binne der noch mar in pear fragminten fan it eardere rivierke oer. Ien dêrfan foarmet de sintrale as fan Drylts en hat it karakter fan in grêft. Pal foar de huzen lâns rint de strjitte en de tunen lizze oan 'e oare kant fan 'e strjitte oan de kant fan 'e Ie. Dizze oan it wetter grinzende túntsjes, 'bleken' of 'oertunen', hearre by de oan 'e grêften lizzende huzen en waarden eartiids brûkt om 'e wask te drûgjen. De tunen binne foar in diel noch yn partikuliere hannen en binne yn 2003, krekt as it eardere stedhûs, brûkt as filmdekôr foar de Kameleon-film Skippers fan de Kameleon mei as regisseur Steven de Jong.

Yn 'e Midsiuwen stie Drylts behalven om hannel fral ek bekend om syn skipsbou, eat dat noch blykt út it skip dat werjûn wurdt op it wapen fan Drylts en de flagge fan 'e stêd. Yn syn bloeitiid wie der ek in soad mei de skipsbou ferbân hâldende houthannel yn Drylts. Der hat noch lang yndustry west dy't út dy tradysje fuortkaam, mar oan it begjin fan de ienentweintichste iuw binne de lêste oerbliuwsels dêrfan troch fúzjes út de stêd ferdwûn.

 
Skoarstien firma Nooitgedagt

It bekendste foarbyld fan 'e houtyndustry yn Drylts wie de firma Nooitgedagt dy't ark, houten boartersguod en redens makke. Om 1990 ferfear it fabryk nei it yndustryterrein. Dielen fan de âlde fabriken binne sloopt. Der stiet noch mar ien âld gebou, it earste Nooitgedagt-fabryk, dat alhiel renovearre is. DIt lêst boude autentike fabryksgebou - it earste yn Nederlân dat hielendal fan beton makke waard - is mids oktober 2004 sloopt. In pear jier earder hold de firma Nooitgedagt op te bestean troch in oername. Yn it nije gebou sit no in oar bedriuw. Saillant detail is dat der sa'n tsien jier diskusjearre is oer it ynfoljen fan it terrein. Al dy tiid stie it gebou der leech en ferpaupere by. Nei oktober 2004 begûn in diskusje oer it behâld fan de âlde fabryksskoarstien, dy't yn 2007 renovearre waard. Dêrby waard it bouwurk ta syn oarspronklike hichte werombrocht, lykwols net as eartiids mitsele waard mar yn 'e foarm fan in stielen staketsel (keunstwurk). Mids 2005 is der op it âlde fabryksterrein in nij wenwykje setten.

Drylts hat sûnt 1268 stedsrjochten. It is dêrmei de op trije nei âldste stêd fan Fryslân, nei Starum, Harns en Hylpen. De klokslach fan Drylts grinzge oan dy fan Snits, en beide stêden waarden omsletten troch de gritenij en letter gemeente Wymbritseradiel. Drylts wie in selsstannige gemeente oant it by de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 gearfoege waard mei de âlde gemeente Wymbritseradiel ta in nije gemeente dy't ek fan Wymbritseradiel kaam te hjitten.

By dy gemeentlike weryndieling fan 1984 wie besletten dat net allinnich Drytls en Wymbritseradiel gearfoege wurde moasten, mar ek Snits. Fanwegen fûleindige protesten yn 'e Wetterpoartestêd wist Snits lykwols syn selsstannigens te behâlden. Dêrtroch waard Drylts it haadplak fan 'e nije gemeente. Yn 1985 kaam oan de noardkant fan Drylts it nije gemeentehûs ree. It âlde stedhûs, dat te lyts wurden wie, kaam yn gebrûk as plysjeburo. In oantal jierren letter waard it ferkocht oan partikulieren; it is no in wenhûs.

 
Mauritiustsjerke

Nettsjinsteande de lang oanholden bestjoerlike skieding tusken Drylts en Snits, is Drylts dochs foar in grut part op Snits rjochte; it hat bygelyks in soad ynwenners dy't yn Snits harren wurk hawwe. Oan de oare kant is der yn Drylts in tige ryk ferieningslibben, dat somtiden sels ynwenners fan Snits oanlûkt.

Wiken bewurkje seksje

De wiken fan âld nei nij:

De Rôt bewurkje seksje

 
Houtseachmûne De Rôt

Mûne "De Rôt" is in houtseachmûne dy't yn 1683 boud waard yn de Saanstreek. Om 1829 helle de eardere Dryltser houthandel Oppedyk de mûne nei Drylts om him dêr wer op te bouwen. De mûne wurdt noch hieltyd brûkt om te seagjen en kin besichtige wurde.

Mienskip bewurkje seksje

Yn it eardere gymnastyklokaal sit sûnt de santiger jierren 't Mienskipshûs. It Mienskipshûs is sûnt in oantal jierren sloopt en op it plak binne nije wenningen boud. De Rôt en De Iendracht binne de twa buertferienings. De Twine en De Kogge binne de beide basisskoallen. It Dryltser Kypmantsje is it pleatslike krantsje.

De 'Utherne' is in sportkompleks oan de eastkant fan Drylts (tichtby houtseachmole De Rot) en beslacht in tal sportfjilden en in sporthal (mei 2 sealen).

Ferienings bewurkje seksje

  • Konkordia - muzyk
  • Folk Drylts , shantykoar - koaren
  • IJ.V.C. (Dryltser Fuotbal Klub) is sûnt 1925 de pleatslike fuottbalklub, mei as thúsbasis sportpark de Útherne, oan de eastkant fan Drylts.
  • Nije Moed - keatsen
  • Effekt '78 - tafeltennis
  • De Stânfries - turnen, follybal
  • Sterke Yerke - silen
  • Fierljepferiening

Tsjerken bewurkje seksje

  • Mauritiustsjerke, de eardere herfoarme tsjerke, tsjintwurdich de tsjerke fan de PKN-gemeente fan Drylts
  • Stedsleanetsjerke, de eardere grifformearde tsjerke, tsjintwurdich kultureel sintrum en út en troch yn gebrûk as tsjerke
  • Fermanje

Ynwenners bewurkje seksje

Ferskaat bewurkje seksje

  • Dryltsers wurde ek wol kypmantsjes' neamd, ien fan de Fryske wurden foar in marsekreamer.
  • Yn Drylts stie ek de reedfabryk Frisia, dy't oant 1993 noch redens makke

Strjitten bewurkje seksje

Alle strjitten fan Drylts.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Drylts fan Wikimedia Commons.
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

wizigje
 
Súdwest-Fryslân
 
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
wizigje