Duco van Haren (Den Haach, 6 novimber 1747 - Weimar, 1801) wie in Nederlânse jonkhear en steatsman.

Libbensrin bewurkje seksje

Komôf bewurkje seksje

Duco van Haren stamde út de aadlike familie Van Haren. Syn heit wie jonker Onno Zwier van Haren (1713-1779), grytman fan Weststellingwerf en in foaroansteand Nederlânsk steatsman. Onno Zwier fan Haren wie ek in fertsjinstlik skriuwer yn de 18e iuw. Yn 1759 waard in skandaal syn delfal.[1]

Karriêre bewurkje seksje

Duco fan Haren beklaaide in stikmannich hege amten yn Fryslân en Amsterdam. Yn Amsterdam rêde er it libben fan Sara van den Heuvel by in brân yn de Skouwburg fan Amsterdam op 11 maaie 1772;[2] in skoftke letter troude er mei har.[3] Nei syn houlik wurke er foar syn skoanheit, in keapman dy't hannele op West-Ynje. Yn 1787, nei de Prusyske ynfal, sette er him nei wenjen yn Fryslân. In jier letter waard er beneamd ta grytman fan It Bildt. Yn dy tiid wenne er yn St. Anne.[4]

Duco fan Haren waard yn 1795 as gefolch fan de Bataafske Revolúsje ôfset en flechte nei Dútslân.[3] Ut reden fan jildkrapte yn Dútslân waard er gûverneur fan de jonge prins fan Saksen-Weimar-Eisenach.

Fan Haren kaam oan syn ein troch in tragysk ûngemak: by it omfallen fan in postwein krige er in swiere koffer op it boarst. Hy stoar letter oan syn ferwûningen yn Weimar.[3]

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. DBNL . J.G. Frederiks en F. Jos. van den Branden, Biographisch woordenboek der Noord- en Zuidnederlandsche letterkunde
  2. Nieuwe Naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, fan: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1837, s. 323
  3. 3,0 3,1 3,2 idem
  4. Nieuwe Naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, fan: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1837, s. 324