Dykferkear of weiferkear[1] is it type ferkear dat diken brûkt, sa as de auto, frachtauto, bus, fyts, hynder en wein of te foet. Dykferkear kin ferdield wurde yn it ferfieren fan minsken of it ferfieren fan guod. Yn in soad lannen binne fergunnings en regels oangeande de feiligens ferplichte en ferwissigje in skieding yn de twa groepen. It ferfieren fan guod wurdt ornaris dien troch frachtauto's, wylst it ferfieren fan minsken mei de auto of fyts dien wurdt, en mei it iepenbier ferfier troch bussen.

Dykferkear troch de strjitten fan Neurenberch hinne

It dykferkear wurdt yn goede banen laat troch bebuording, dykmarkearring en sûnt de 21e iuw autonavigaasje. Hjoed-de-dei besteane der diken yn ferskillende foarmen, sa as autodiken, autowegen of pleatslike diken. Guon fan dy diken besteane út inkelde rydbanen of dûbele rydbanen. Eltse rydbaan bestiet út ien of mear rydstripen.

In ferhurde wegesysteem waard al brûkt yn it Perzyske Ryk, it Romeinske Ryk, it Azteekske Ryk en oare riken yn de skiednis. Dy waarden ornaris oanlein foar it fluch ferfieren fan de striidkrêften. Yn Fryslân barde it ferfier yn it ferline it meast oer wetter, sa as bygelyks oer de trekfearten. Yn de mid-njoggentjinde iuw waarden de ryksstrjitwegen en oare ferhurde diken oanlein.

It dykferkear woeks ûnbidich hurd yn de tweintichste iuw en dêrmei ûntstiene der ek in stikmannich problemen, lykas lûdsoerlêst, luchtfersmoarging, útsichtfersmoarging, ferkearsagresje, ûnfeiligens en ferkearsopstoppings dêr't files by ûntsteane.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: