Earste krystdei is de earste dei fan de kryst. Earste krystdei is alle jierren op 25 desimber.

Earste krystdei wurdt meastentiids thús of by famylje en/of freonen fierd. Faak geane de minsken moarns nei in tsjerketsjinst. Dêrnei wurdt der kofje dronken. Op ‘e jûn wurdt der faak in spesjale jûnsmiel iten, dy’t sels ree makke wurdt. Ek kin men mei famylje út iten gean.

Yn de Germaanske tradysje wie 25 desimber de earste dei fan it tolve dagen duorjende joelfeest, wêrop fierd waard dat de dagen wer langer waarden. Konstantyn de Grutte keppele dit Germaanske barren oan de berte fan Jezus Kristus en stelde fêst dat it krystfeest alle jierren op 25 desimber fierd wurde moast.

Yn de measte tsjerken fynt der moarns in tsjerketsjinst plak yn it ramt fan de kryst, dizze tsjinsten wurde meastentiids goed besocht. Faak is der in tsjerkekoar en sjong men tradisjonele tsjerkeferskes.

De dei nei earste krystdei heard twadde krystdei.