Easttsjerke (Middelburch)

De Easttsjerke (Nederlânsk: Oostkerk) is in monumintale, barokke koepeltsjerke yn Middelburch yn 'e provinsje Seelân. De tsjerke waard yn 2017 sletten foar de earetsjinst en kin tsjintwurdich hierd wurde foar eveneminten.

Easttsjerke
Lokaasje
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Oostkerkplein 1
koördinaten 51° 30'N 3° 37'E
Tsjerklike gegevens
status sekularissearre yn 2017
Arsjitektuer
arsjitekt Bartholomeüs Drijfhoutyn gearwurking mei Pieter Post;
Arend van 's-Gravesande
boujier 1648-1667
boustyl barok
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 29376
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
Easttsjerke (Middelburch-Sintrum)
Easttsjerke

Skiednis bewurkje seksje

Fanwegen de oanwaaks fan 'e befolking frege de protestantske tsjerkeried tastimming om it tal tsjerken yn Middelburch út te wreidzjen. Der waard foar keazen om in nije tsjerke yn it nije eastlike diel fan 'e stêd te bouwen. Ynearsten wiene der plannen om in tsjerke yn 'e Singelstrjitte te bouwen, mar yn 1646 waard in stik bougrûn oan it ein fan de Schuitvloetstrjitte útsocht.

 
Oargel

It stedsbestjoer frege de arsjitekt Bartholomeus Fransz. Drijfhout in ûntwerp te meitsjen en dy bestudearre earst de krekt foltôge Lutherske sealtsjerke fan Amsterdam en de Nije Tsjerke fan Maassluis, in krústsjerke. Drijfhout woe lykwols gjin seal- of krústsjerke, mar in koepeltsjerke, sa't de Maretsjerke yn Leien boud wie. Hy makke in ûntwerp foar de nije tsjerke en waard dêrby advisearre troch de arsjitekt Pieter Jansz. Post, dy't in houten model makke. Om de nije tsjerke te finansjieren waarden der lienings mei liifrintes ôfsletten fan 10%. Dy hege rinte bleau jierrenlang in swiere lêst foar de stêd. Ek brocht in ekstra belesting op bier en wyn jild op foar de noch te bouwen tsjerke.

Yn 1646 waard útein set mei de earste tariedings en op 26 maart 1647 waard, nei in lytse feroaring, it model goedkard en koene de fûneminten lein wurde. De earste stienlizzing fûn op 15 septimber 1648 plak. It ferstjerren fan Drijfhout yn juny 1649 en dat fan 'e mitsler Tessink yn 1652 en it útbrekken fan de Earste Ingelsk-Nederlânske Kriich soarge foar in tydlike boustop. Yn 1655 folge Arend van 's-Gravesande Drijfhout op en dy feroare in pear saken oan it ûntwerp fan de foargevel en makke in plan foar in iepen lantearne yn 't plak fan in klokketoer. Ek Van 's-Gravesande soe de foltôging net mear meimeitsje. Hy waard opfolge troch Jolijt, dy't it wurk oan de koepeltsjerke yn 1667 ôfslette.

Op 6 july 1667 waard de nije tsjerke yn gebrûk nommen.

Oargel bewurkje seksje

Jild foar in oargel wie der ynearsten net, mar nei de ynfiering fan in nije psalmberiming kaam de saak fan in nij oargel wer op it aljemint en waard der jild ynsammele, dy't 14.400 gûne oplevere. Yn maaie 1779 krigen de Flaamske oargelbouwers Petrus en Johannes de Rijckere it fersyk it oargel te bouwen. Al by de bou ûnderfûn de stedsorganist, Willem Lootens, swierrichheden mei it oargel, mar de oargelbouwers stelden gjin priis op syn krityk. Yn febrewaris 1782 waard it ynstrumint oplevere, mar nei't bliken die dat de wynlade fan it rêchposityf net goed wurke waard it ôfkard. De oargelbouwers brochten doe ferbetterings oan, sa't it oargel dochs noch goedkard waard. De ôfspraak wie dat de oargelbouwers werom nei Flaanderen koene en mei Peaske de lêste betellings barre koene, mar hja hawwe harren nea wer sjen litten. In tredde keuring wiisde út dat de hiele rêchwurklade net doge. De Switser Joachim Reichner brocht doe ferbetterings oan en op 19 jannewaris 1783 koe it lang om let yn gebrûk nommen wurde.

Gebrûk bewurkje seksje

De tsjerke bleau oant 2017 yn gebrûk, mar om 't de ûnderhâldslesten foar de PKN-gemeente Middelburch net mear op te bringen wiene, waard besletten it gebou ôf te stjitten. De lêste tsjinst waard op 8 jannewaris 2017 holden. De nije behearder waard de Stifting Monumenten Bezit (SMB), stifte troch de Nasjonale Monumintenorganisaasje. Foar de restauraasje wie twa miljoen euro nedich. De PKN-gemeente Middelburch, de SMB, de provinsje Seelân en de gemeente Middelburch droegen elts in fearn by foar it behâld fan it monumint. De tsjerke wurdt no brûkt foar konserten, lêzings, útstallings en oare eveneminten.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Oostkerk (Middelburg)