De echte kobisten (Latynske namme: Bovini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre û.m. de domestisearre ko (Bos taurus), de bizons (Bison) en de Kaapske buffel (Synceris caffer).

Echte kobisten
In Kaapske buffel (Synceris caffer).
In Kaapske buffel (Synceris caffer).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: kobisten (Bovinae)
tûke: echte kobisten (Bovini)
Gray, 1821

De groepen dy't it naust besibbe binne oan 'e echte kobisten, binne de tûken fan 'e nylgauwen en fjouwerhoarnantilopen (Boselaphini) en fan 'e antilope-eftigen (Strepsicerotini, foarh. Tragelaphini). De mienskiplike foarâlder fan alle echte kobisten libbe nei alle gedachten 5 oant 8 miljoen jier lyn. De earste skaaien dy't har fan 'e echte kobisten ôfspjalten, wiene de Yndyske buffels (Bubalus) en de Afrikaanske buffels (Syncerus), folge troch de kij (Bos).

Tûke-opbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.