Echte reidhinnen
De (echte) reidhinnen (wittenskiplike namme: Gallinula) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae), en de ûnderfamylje fan 'e reidhinfûgels (Gallinulinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 7 libbene soarten en ien útstoarne soarte. Fan 'e libbene soarten binne neffens de Reade List fan de IUCN trije bedrige of krytyk (= hast útstoarn). de twa hast útstoarne soarten wurde ek wol ta it skaai Pareudiastes rekkene. Ien oare fan 'e reidhinsoarten wurdt hoed de dei ta in apart skaai, de Afrikaanske reidhintsjes (Paragallinula) rekkene. De bekendste soarte fan 'e reidhinnen is it reidhintsje (Gallinula chloropus), dy't ek yn Fryslân rûnom foarkomt.
Echte reidhinnen | ||
In swart reidhintsje (Gallinula tenebrosa) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | kraanfûgeleftigen (Gruiformes) | |
ûnderskift: | raleftigen (Ralli) | |
famylje: | ralfûgels (Rallidae) | |
ûnderfamylje: | reidhinfûgels (Gallinulinae) | |
skaai: | reidhinnen (Gallinula) | |
Brisson, 1760 | ||
Skaai-opbou bewurkje seksje
- Skaai: reidhinnen (Gallinula)
- Soarte: swart reidhintsje (Gallinula tenebrosa)
- Soarte: Amerikaansk reidhintsje (Gallinula galeata)
- Soarte: reidhintsje (Gallinula chloropus)
- Soarte: Tristanreidhintsje (Gallinula nesiotis) (útstoarn)
- Soarte: Goughreidhintsje (Gallinula comeri) (bedrige)
- Soarte: Makirareidhintsje (Gallinula silvestris of Pareudiastes silvestris) (krityk)
- Soarte: Samoäreidhintsje (Gallinula pacifica of Pareudiastes pacificus) (krityk)