Eelke Jelles Eelkema

Eelke Jelles Eelkema (ek: Eelkama) (Ljouwert, 8 july 1788 - Ljouwert, 27 novimber 1839) wie in dôve Ljouwerter keunstskilder en tekener dy't benammen bekend is fanwege syn stillibbens.

Eelke Jelles Eelkema
keunstner
Eelke Jelles Eelkema, skildere troch syn learling Cornelis Bernardus Buijs
Eelke Jelles Eelkema, skildere troch syn learling Cornelis Bernardus Buijs
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 july 1788
berteplak Ljouwert
stoarn 27 novimber 1839 (51 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as skilder, tekener

Fanwegen syn dôvens, feroarsake troch in sykte doe't er sân jier wie, waard er fan syn alfde oant syn 19e jier oplaat oan it Dôfstommeynstitút yn Grins, dêr't er tekenjen learde fan G. de San en skilderles krige fan J.N. Schoonbeek.

Hoewol't Eelkema bekend stie as blommeskilder, hat hy ek in soad lânskippen skildere. Hy joech teken- en skilderles, ûnder oaren oan Cornelis Bernardus Buijs dy't op syn beurt wer les joech oan Jozef Israëls, lid fan de saneamde Haachske Skoalle.

Yn 1818 makke Eelkema in fuotreis fia Frankryk en oer de Alpen oant yn Turyn. Hy wurke ûnder oaren yn Amsterdam, Haarlim en Parys, dêr't er op kosten fan de kening Willem I, dy't ek wurk fan him kocht, hinne reizge. Op lettere leeftyd waard Eelkema blyn.

It Ryksmuseum Amsterdam hat sân wurken yn de kolleksje.

Galery bewurkje seksje

Bibliografy bewurkje seksje

Ferwizing bewurkje seksje