Eenrum (Grinslânsk: Ainrom) is in terpdoarp yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It leit op it Hegelân oan de ein fan de Eenrumermaar. Yn 2008 wennen der 1440 minsken.[1]

De tsjerke fan Eenrum yn 2008

Beskriuwing bewurkje seksje

Eenrum wie oant 1990 it haadplak fan in gemeente mei deselde namme, mar yn dat jier waard dy part fan de gemeente Ulrum, dy't yn 1992 De Marne te hjitten kaam. It doarp hat in beskerme doarpsgesicht.

De tsjerke fan Eenrum, dy't foar in part út tufstien boud is, datearret út de trettjinde iuw. Yn 1873 sloech de wjerljocht yn de toer, mar de bewenners fan it doarp koenen de brân blusse.

Yn it doarp stiet de noch altyd mealreeë nôt- en pelmûne De Lelie, dy't yn 1862 boud is. Yn de mûnerswente njonken De Lelie is in bakkerijmuseum te finen. Yn de Molenstraat binne de oerbliuwsels fan de Lutje Meuln ("Lytse Mûne") te sjen, dy't yn 1956 foar it grutste part ôfbrutsen is. De mûne datearre út 1737 en wie de âldste nôt- en pelmûne fan Grinslân.

Fierder is der yn it doarp in mosterdmuseum. Ek it sabeare lytste hotel fan Nederlân, Hotel De Kromme Raake, dat ien keamer hat, stiet yn Eenrum.

Berne yn Eenrum bewurkje seksje

Wenjend yn Eenrum bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) CBS Statline 2008