Eisenstadt (Hongaarsk: Kismarton; Kroatysk: Željezno) is de haadstêd fan de Eastenrykske dielsteat Burgenland (Hongaarsk: Őrvidék; Kroatysk: Gradišće). Tagelyk is it ek de grutste stêd fan Burgenland. Bestjoerlik is Eisenstadt in statutêre stêd (in stêd mei in eigen bestjoer).

Eisenstadt
It âlde riedshûs
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Burgenland
Sifers
Ynwennertal 14.816 (1 jan. 2020)
Oerflak 42,88 km²
Hichte 182 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.eisenstadt.gv.at

Skiednis bewurkje seksje

Ut fynsten die bliken dat it gebiet al yn de Hallstatt-tiid bewenne waard. Wat letter setten Kelten en Romeinen harren dêr nei wenjen. Yn de tiid fan it Grutte Folkeferfarren namen ferskillende Germaanske stammen en de Hunnen it gebiet yn. Om 800 hinne, yn de tiid fan Karel de Grutte, wennen der Bajuwaren. De earste fermelding fan de stêd wie yn 1264 as minor Mortin (it Hongaarske Kismarton). It gebiet foar doe ien fan de meast westlike dielen fan it Keninkryk Hongarije.

 
Domtsjerke fan Eisenstadt (15e iuw)

Sûnt 1373 boude de aristokratyske famylje Kanizsai de stêd út mei muorren en dêrbinnen in wetterkastiel. Ut dy tiid stamt ek de namme Eysenstat (sterk, izer). Yn 1388 krige Eisenstadt merkrjochten. De bewenners fan West-Hongarije wiene fral Dútsk en troch ferpâning krige Albrecht VI it gebiet yn hannen; de dêrop folgjende oardel iuw bleau Eisenstadt ûnder Eastenryksk bestjoer. By it optsjen fan de Turken nei Wenen waard de stêd yn 1529 en 1532 troch de Turken oermastere.

Yntusken wiene de Habsburgers sûnt 1526 ek erflik keningen fan Hongarije woarn. Om de Hongaarske adel yn 'e mjitte te kommen kaam oan it Eastenryksk bestjoer fan it tsjintwurdige Burgenland in ein waard it gebiet mei Eysenstadt wer hielendal by Hongarije foege. De aadlike famylje Esterházy krige fan de roomsk-dútske keizer Ferdinand III yn syn funskje as kening fan Hongarije it gebiet Eisenstadt tawiisd. Foar harren loyaliteit oan it Hûs Habsburg waarden de Esterházy's yn 1687 troch Leopold I yn de ryksfoarstenstân beneamd. Under de prins-dynasty feroare it oansjen fan de stêd troch in grutte bouaktiviteit.

Op fersyk fan de boargerij waard Eisenstadt op 26 oktober 1648 de status fan in keninklike frijstêd ferliend, in status dy't te ferlikenjen wie fan in frije ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk. Eisenstadt wie allinne noch oan de kening ûnderdanich en betelle dêr 16.000 gûne en 3.000 amers wyn foar. Yn 1670 fong Paul I. Esterházy de Galantha bûten de stedsmuorren fan Eisenstadt en noch seis oanbuorjende plakken, meiïnoar de saneamde Siebengemeinden neamd, de 3.000 joaden op, dy't troch Wenen út de stêd ferdreaun waarden.

 
Slot Esterházy

De famylje Esterházy ûntwikkele him gaueftich ta de rykste aadlike famyljes fan Midden-Europa. Hja besieten oeral paleizen, mar keazen foar Eisenstadt as harren residinsje. It âlde kastiel waard omboud ta in represintatyf slot en hja holden der in útwrydsk hôf op nei. Mei it yn tsjinst nimmen fan Joseph Haydn ta foarstlike kapelmaster yn de jierren 1760 sette in tiid fan kulturele hichtepunten útein. Yn 1809 waard Eisenstadt troch Frânske troepen beset. Nei dy tiid waard it stiller yn Eisenstadt en yn de jierren 1865–1898 moasten de Esterházy's it sels tige sunich oandwaan om't de famylje tefolle jild útjûn hie en allinne noch mei help fan de keizer oan in bankrot ûntkomme koe. De stêd wie kultureel op Wenen oanwiisd en die alle war om him wei te winen foar de magyarisaasje, in proses dat yn de lêste desinnia fan de 19e iuw fanút Bûdapest oplein waard om minderheden te ferhongaarskjen.

 
Wenhûs fan Joseph Haydn

Nei de Earste Wrâldkriich en de opheffing fan de dûbelmonargy Eastenryk-Hongarije fûn in trijejierrige striid plak om it Dútske West-Hongarije. De ferdragen fan St. Germain (Eastenryk) yn 1919 en fan Trianon yn 1920 (Hongarije) wiisde it gebiet ta oan Eastenryk, dat de namme Burgenland krige. Ödenburg (it tsjintwurdige Sopron) soe haadstêd wurde fan de nije dielsteat Burgenland, mar de útslach fan in referindum soarge der foar de stêd by Hongarije kaam en sadwaande waard Eisenstadt de haadstêd fan Burgenland.

Burgenland waard yn de nasjonaalsosjalistyske tiid opheft. It noardlike diel mei Eisenstadt waard by it Gau Niederdonau foege. De joadske ynwenners waarden ferdreaun of fermoarde. Yn de Twadde Wrâldkriich waard Eisenstadt ienris bombardearre, wêrby't 40 minsken it libben lieten. De stêd waard yn 1945 troch it Reade Leger oermastere, dat oant 1955 Burgenland beset hold.

Befolking bewurkje seksje

Nei't Burgenland by Eastenryk kaam feroare de etnyske en taalkundige struktuer fan de befolking ta in mear homogeen Dútske befolking. In soad Hongaarske beamten en militêren ferhûzen eni Hongarije. Yn 1934 bedroech it oandiel Hongaarsktaligen noch mar 5%. By de lêste folkstelling telde Eisentadt ûnder de ynwenners mei de Eastenrykske nasjonaliteit in oandiel fan 2,7% Hongaarsktaligen en 4% Kroatysktaligen. Ek de konfesjonele gearstalling fan de befolking feroare: it tal protestanten naam sûnt 1890 ta, wylst it tal joaden al nei 1836 troch ferhûzing nei Wenen ôfnaam. Fan de likernôch 400 joaden yn Eisenstadt oerlibben likbenrôch 250 de Shoah. Mar twa joaden kamen nei 1945 werom nei Eisenstadt.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2001 2011 2020
Ynwennertal 6.696 7.351 7.073 8.897 7.569 9.315 10.062 10.102 10.349 11.334 12.995 14.816

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
Bergkirche
 
Alde Joadske begraafplak
 
Martinkazerne

Musea bewurkje seksje

  • Haydn-Haus Eisenstadt, Joseph Haydn-Gasse 19-21 (eardere wenhûs fan de komponist Joseph Haydn, webstee)
  • Landesmuseum Burgenland, Museumgasse 1-5 (skiednis, kultuer en identiteit Burgenland, webstee)
  • Österreichisches Jüdisches Museum, Unterbergstraße 6 (webstee)
  • Diözesanmuseum, Joseph-Haydn-Gasse 31/2 (webstee)
  • Feuerwehrmuseum, Leithabergstraße 41 (webstee)

Gebouwen bewurkje seksje

  • It Slot Esterházy mei it park
  • It eardere jachtslot fan de Esterházy-foarsten Gloriette
  • De Bergkirche yn it stedsdiel Oberberg mei de krúswei en it Haydnmausoleum.
  • De letgoatyske wartsjerke Sint-Martinuskatedraal
  • It Fransikaanske Sint-Michaelkleaster mei de kleastertsjerke
  • De parochytsjreke Eisenstadt-Kleinhöflein
  • De parochytsjerke Eisenstadt-St. Georgen
  • De Antoniustsjerke yn it hospitaal fan de Barmhertige Bruorrenr
  • De protetantske parochytsjerke fan Eisenstadt
  • Privatsynagoge im Österreichischen Jüdischen Museum
  • It âlde joadske tsjerkhôf

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side