Elias Annes Borger

Elias Annes Borger (De Jouwer, 26 febrewaris 1784 - Leien, 12 oktober 1820) wie in Frysk heechlearaar yn de teology en letteren yn Leien.

Elias Annes Borger

Elias Borger wie in soan fan Anne Kerstens en Sibbeltje Tieles Tieleman. Heit wie keapman en jeneverstoker op De Jouwer, dêr't er Latyn en Gryksk learde. Doe't er 17 jier âld wie, gie er nei Leien om mei beheinde middelen te studearjen foar it predikantskip. Op 7 juny 1807 waard hy befoardere ta doktor yn de Godgeleardheid. Ambysjes om ta Bûtengewoan Heechlearaar te promovearjen waarden ophâlden troch de ynliving fan de Nederlannen by Frankryk. Nei it ôfreizjen fan de Frânsken yn 1815 promovearre hy dochs noch. Yn 1817 waard Borger ek noch oansteld ta heechlearaar yn de Algemiene Skiednis en Grykske letterkunde.

Borger troude yn 1814 mei jonkfrou Abrahamina van der Meulen, de suster fan in Amsterdamske predikant. In jier letter stoar hja yn it kreambêd. Yn 1819 troude er opnij, diskear mei jonkfrou Cornelia Scheltema. Begjin 1820 stoar hja ek yn it kreambêd, tagelyk mei de lytse poppe. Hjirtroch rekke Borger yn in swiere depresje, wêrby't hy allinnich mar by syn dierbere ferstoarnen wêze woe. Acht moanne nei de dea fan syn twadde frou stoar Borger, 36 jier âld. Hy waard beïerdige yn Katwyk.

Neitins bewurkje seksje

As neitins oan Borger is der in skoalle en ek in scoutinggroep (De Borgergroep) nei him neamd. De Borgerskoalle is in protestantske basisskoalle op De Jouwer. Boarger syn namme en syn gedicht "Aan den Rhijn" yn de maitiid fan 1820 binne troch Hildebrand yn syn Camera Obscura ferivige. Yn it opstel "De familie Stastok" wurdt Borger syn stik troch frou Dorbeen net botte súksesfol foardroegen. De Rederikerskeamer Borger út Borger is ek neamd nei Elias Annes Borger.

Wurken bewurkje seksje

  • Iets nopens den Brief aan een Vriend (1813)
  • De Vaderlander (1814)
  • Leerredenen (1814)
  • Iets voor mijn Kind (1815)
  • Op de Bevalling der Prinses van Oranje (1817)
  • Aan den Rhijn in de Lente van het Jaar 1820 (1820)
  • Gevecht van Napoleon en Minerva (1821)
  • Dichterlijke Nalatenschap (1836)

Literatuer bewurkje seksje

  • Eekhoff, Wopke, Bijzonderheden omtrent de jeugd en de eerste verstandelijke ontwikkeling van den beroemden Elias Annes Borger: De jeugd van Borger uitg. W. Eekhoff, Leeuwarden, 1842 [1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: