Elizabeth Gaskell

Elizabeth Cleghorn Gaskell, berne as Elizabeth Stevenson, (Royal Borough of Kensington and Chelsea (wyk fan Londen), 29 septimber 1810 - Holybourne (Hampshire), 12 novimber 1865) wie in Britsk skriuwster út it Viktoriaansk tiidrek dy't fral realistysk skreau oer de sosjale problemen, yn alle lagen fan de maatskippij. Dêrom binne har boeken nijsgjirrich foar de sosjaal-histoarikus én de leafhawwer fan literatuer.

Elizabeth Gaskell: 1832 portretsje troch William John Thomson
Elizabeth Gaskell: 1851 portret troch George Richmond

Libben en wurk bewurkje seksje

Gaskell's heit wie in Skotske unitariaansk predikant Failsworth, Lancashire. Yn 1806 ferhuze de húshâlding nei Londen, heit wie doe sekretaris fan Earl of Lauderdale, mei it doel om letter nei Yndia te ferfarren.
Nei har memme dea waard sy lykwols nei it doarpke Knutsford (waard letter Cranford yn har romans) yn Cheshire stjoerd dêr't in muoike har grutbrocht. Yn dy tiid hie sy wol kontakt mei in âldere broer, mar har heit seach se suver nea. Mei 21 jier troude hja mei de predikant William Gaskell fan Manchester (dy't sels ek mei skriuwerij pielde).
Gaskell waard depressyf doe't har iennige soan, ien jier âld, stoar. Har man trune har ta skriuwen oan fanwege de terapeutyske wearde dêrfan. Dat hie har debútroman fan gefolgen, Mary Barton: A Tale of Manchester Life (1848), in roman oer it hurde libben fan de arbeidersklasse yn Manchester.
Har meast bekende roman is North and South oer it kontrast tusken it yndustrialisearre Noarden fan Ingelân en it agraryske Suden en it sykjen fan in kompromys tusken dy twa wrâlden. Inoar ferstean en ynfiele binne de kaaiwurden yn dat wurk. Yn har boeken leit sy faak de klam op de rol fan froulju.

Charles Dickens publisearre ferskate fan har ferhalen yn syn blêden Household Words en All the Year Round. Hy neamde har My Dear Sheherazade.

De Gaskell's ferkearden yn rûnten fan literêre skriuwers en sosjale herfoarmers. Gaskell rekke ek befreone mei kollegaskriuwster Charlotte Brontë. Doe't Charlotte yn 1855 stoar frege har heit, Patrick Brontë, oan Gaskell in biografy oer Charlotte te skriuwen. Life of Charlotte Brontë wurdt faak noch altyd beskôge as ien fan de bêste Ingelske biografyen fan yn alle gefallen de 19e iuw en hat sines dien foar de lettere reputaasje fan Charlotte.

Bibliografy bewurkje seksje

In karút.

  • Mary Barton: A Tale of Manchester Life (1848)
  • Ruth (1853)
  • Cranford (1853)
  • North and South (1855)
  • Life of Charlotte Brontë (1857)
  • Wives and Daughters (1866): har lêste net ôfmakke roman

Online boeken bewurkje seksje