Emmanuel Waegemans

Belgysk slavist

Emmanuel Waegemans (Hamme, East-Flaanderen, 23 maart 1951) is in Belgysk slavist, emeritus heechlearaar oan de K.U.Leuven en gastheechlearaar oan de Lessius Hegeskoalle Antwerpen. Hy is teffens foarsitter fan it Filip De Pillecyncomité. Hy bestudearret al tsientallen jierren ûnder mear de Russyske literatuer en de bannen fan Ruslân mei it Westen en Ruslân mei Nederlân en België. Hy publisearret ûnder de namme E. Waegemans boeken en yn (fak)tydskriften.

Waegemans op it 8e Ynternasjonale Peter de Grutte-kongres, 10 juny 2016

Biografy bewurkje seksje

Emmanuel Vagemans waard berne yn Hamme yn East-Flaanderen, dêr't er ek syn middelbere skoaldiploma helle. Yn 1969 sette er útein mei de stúdzje Slavyske filology oan de Katolike Universiteit Leuven. Fan 1973 oant 1974 folge er in ienjierrige kursus Slavistyk yn Bonn. Yn 1979 ferdigene er syn proefskrift "Russische reizigers van de zeventiende en achttiende eeuw in het Westen. Essays on the history of Russian-Western cultural relations" (yn 1991 ferskynde der in ferkoarte ferzje yn it Nederlânsk). Letter kaam E. Wagemans iderkear wer op dat ûnderwerp werom yn syn protte wittenskiplike publikaasjes.

Fan 1976 ôf oan publisearre er tsientallen kritiken en artikelen oer hjoeddeiske Russyske literatuer yn kranten en tydskriften yn België en Nederlân.

Fan 1980 oant 1993 joech er Russyske taal- en letterkunde oan de Fertalersskoalle yn Antwerpen (ûnderdiel fan de Katolike Flaamske Universiteit; de Antwerpske kampus fan de Fakulteit Filology fan de Katolike Universiteit Leuven fan no). Yn 1993 kaam er oan it departemint Slavistyk fan de Universiteit Leuven, dêr't er Russyske taal, literatuer en kultuerskiednis dosearre, earst as universitêr haaddosint en dêrnei as heechlearaar. Yn 1998 waard er haad fan it departemint Slavyske stúdzjes, in funksje dy't er besette oant syn pensjoenearring yn 2016.

Yn 1995 rjochte er de útjouwerij Benerus op, dy't boeken oer de Russyske skiednis en kultuer en de betrekkingen tusken Ruslân, Nederlân en België útjout. Hy publisearre oersettingen yn it Nederlânsk fan wurk fan Poesjkin, Fonvizin, Radisjtsjev, Katharina de Grutte, V. Sollogoeb, Gribojedov, Lermontov en Karamzin. Yn 'e mande mei V.K. Ronin publisearre er it Flaamsk-Russysk wurdboek.

E. Waegemans syn wichtige wurk Geschiedenis van de Russische literatuur 1700-2000 belibbe 5 edysjes yn it Nederlânsk en is ek yn it Dútsk, Frânsk, Spaansk en Russysk ferskynd.

Yn 2004 stichte er de literêre feriening ferneamd nei Filip de Pillecyn (Flaamsk skriuwer, waans haadroman yn it Russysk oerset is - "De mensen achter de dam", Moskou: OGI, 2004) dy't fannijs omtinken freget foar dy skriuwer. Sûnt 2005 publiseaarret er yn it jierboek Filip De Pillecyn Studies. Ek is er sûnt 1987 meiredakteur fan it Tijdschrift voor Slavische Literatuur, Amsterdam en fan 1990 ôf sekretaris fan de Vereniging van Belgische Slavisten. Sûnt 2010 nimt Waegemans diel oan de "Ynternasjonale Petrovsky Kongressen" dy't alle jierren holden wurde yn Sint-Petersburch, Parys en Berlyn.

Nei't er mei pensjoen gien wie syn yn 2016 bleau Wagemans kreatyf warber. Yn 1998 publisearre er syn monografy Peter de Grote in de Oostenrijkse Nederlanden oer dy syn reis troch de Súdlike Nederlannen yn 1717. Yn 2021 is er him oan it tarieden fan in histoaryske en kulturele gids oer memorabele plakken fan Peter de Grutte yn Nederlân.

Publikaasjes bewurkje seksje

De folsleine bibliografy fan E. Waegemans per 2016 waard publisearre yn I Love You, Peter's Creation (Amsterdam, 2016). In bywurke bibliografy fan 2020 ôf wurdt noch troch de skriuwer publisearre op Academia.edu. Karút:

  • E. Waegemans: Geschiedenis van de Russische literatuur 1700-2000. Amsterdam, 2009. ISBN 978 90 5330 686 4
  • E. Waegemans. Russische literatuur van de 18e eeuw. Antwerpen, Benerus, 1996.
  • E. Waegemans & W. Coudenys. Reis van Petersburg naar Moskou. Antwerpen, Benerus, 2011.
  • E. Waegemans. Bibliografie van Russische literatuur in Nederlandse vertaling. 1985—2015. Antwerpen, Benerus, 2016. ISBN 9789081673853
  • E. Waegemans & Ronin V.K.. Vlaams-Russisch woordenboek. Atwerpen, Benerus, 2020. ISBN 9789464073317
  • E. Waegemans. Sint-Petersburg. De droomstad van de tsaar. Antwerpen, 2021. ISBN 9789022338414

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: