Ennio Morricone (Italjaanske útspr.: [ˈɛɲo mɔriˈkoːne], likernôch: "en-njoo mor-ry-koo-nee"); Rome, 10 novimber 1928 – dêre, 6 july 2020) wie in Italjaansk komponist, dirigint en muzikant dy't wrâldferneamd waard troch syn filmmuzyk. Hy skreau de soundtracks fan mear as 400 films en komponearre dêrnjonken ek mear as 100 klassike muzykstikken. Syn muzyk foar de westernfilm The Good, the Bad and the Ugly wurdt as ien fan 'e ynfloedrykste wurken út 'e skiednis fan 'e filmmuzyk beskôge, en itselde jildt foar syn soundtrack fan in oare western, Once Upon a Time in the West. Guon oare ferneamde films dêr't er de muzyk by makke, binne Once Upon a Time in America, Red Sonja, The Mission, The Untouchables, In the Line of Fire, Wolf en The Hateful Eight. Yn syn lange karriêre wûn Morricone twa Oscars, trije Golden Globes, fjouwer Grammy Awards en seis BAFTA's.

Ennio Morricone
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ennio Morricone
nasjonaliteit Italjaansk
berne 10 novimber 1928
berteplak Rome (Itaalje)
stoarn 6 july 2020
stjerplak Rome (Itaalje)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
berop/amt komponist, dirigint
aktyf as filmkomponist
jierren aktyf 19462020
bekendste
  wurk(en)
The Good, the Bad and the Ugly
Once Upon a Time in the West
prizen 2 × Oscar
3 × Golden Globe
4 × Grammy Award
6 × BAFTA
offisjele webside
www.enniomorricone.org

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Morricone waard yn 1928 berne yn 'e Italjaanske haadstêd Rome, as de soan fan Mario Morricone, in trompettist dy't yn ferskate orkesten foar lichte muzyk spile, en dy syn frou Libera Ridolfi, dy't in lytse tekstylsaak hie. Syn famylje kaam út Arpino, by Frosinone, 75 km súdeastlik fan Rome. Morricone hie trije susters: Adriana, Maria en Franca. Hy hie ek in broer, Aldo, mar dy stoar noch foàr syn fjirde jierdei doe't it bernefamke him by fersin kersen fuorre, dêr't er slim allergysk foar wie. Morricone groeide op yn Trastevere, in wyk yn it sintrum fan Rome.

Fan syn heit learde Morricone om noaten te lêzen en ferskate muzykynstruminten te spyljen. Mei tolve jier gied er nei de Accademia Nazionale di Santa Cecilia, in konservatoarium, om foar trompettist te learen. Dêrnjonken folge er ek lessen yn komposysje en koraalmuzyk. Ien fan syn learmasters wie Goffredo Petrassi, dy't in grutte ynfloed op syn fierdere ûntjouwing hie. Hy studearre yn 1946 ôf as trompettist, hoewol't er trochlearde oant er yn 1954 ek in diploma yn komposysje behelle.

 
Morricone (sittend yn'e midden) mei oare leden fan 'e Gruppo di Improvvisazione di Nuova Consonanze
 
Ennio Morricone en syn freon en favorite trompettist-meiwurker Mauro Maur - Forum Studios yn Rome

Karriêre bewurkje seksje

Morricone wie al mei seis jier úteinset mei it komponearjen fan syn earste muzykstikken, en hie dêr in natuerlik talint foar. Syn earste profesjonele stik makke er yn 1946; dat wie Il Mattino ("De Moarn"), in klassyk muzykstik foar stim en piano. Yn 'e jierren dy't dêrop folgen, hold er oan mei it skriuwen fan sokke stikken foar stim en piano, mar teffens sette er útein mei it komponearjen fan muzyk foar teäterproduksjes. Yn 1953 waard him troch Gorni Kramer en Lelio Luttazzi frege om in arranzjemint te skriuwen foar medleys yn 'e Amerikaanske styl foar in rige radioprogramma's. Morricone draaide dêr syn hân net foar om en gie ûnderwilens ek troch mei it komponearjen fan klassike muzyk, wêrmei't er in fleksibiliteit as komponist sjen liet dy't de measten fan syn kollega's net hiene. Fan 1964 oant de opheffing yn 1980 makke Morricone diel út fan 'e Gruppo di Improvvisazione di Nuova Consonanza (GINC), in groep Italjaanske komponisten dy't avant-garde-ymprovisaasjes makken, opfierden en ek op grammofoanplaat útbrochten.

In protte fan Morricone syn wurken foar orkesten en keamerorkesten datearje út 'e perioade tusken 1954 en 1959, lykas Musica per Archi e Pianoforte (1954), Sestetto per Flauto, Oboe, Fagotto, Violino, Viola e Violoncello (1955), Trio per Clarinetto, Corno e Violoncello (1956), Quattro Pezzi per Chitarra (1957), en Concerto per Orchestra (1957). Yn deselde tiid krige Morricone yn beskate fermiddens yn Itaalje bekendheid fanwegen syn muzyk foar harkspullen op 'e radio. Dêrtroch rekke er ek by de tillefyzje belutsen. Sa arranzjearre er fan 1956 ôf jazz- en popmuzyk foar de Italjaanske steatsomrop RAI. Yn 1958 kaam er dêr yn 'e tsjinst, mar naam al op syn earste wurkdei ûntslach doe't him oansein waard dat it útstjoeren fan muzyk dy't troch wurknimmers komponearre wie, troch it bedriuwsreglemint ferbean waard.

 
Ennio Morricone by in orkestraal optreden yn it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York.

Dêrnei waard Morricone arranzjeur foar de Italjaanske tûke fan platemaatskippij RCA Victor, dêr't er gearwurke mei û.o. Renato Rascel, Rita Pavone en Mario Lanza, en letter ek mei Amerikanen as Helen Merrill en Jimmy Fontana. Fan syn komposysje Ogni Volta (yn it Ingelsk útbrocht as Every Time), dy't yn 1964 foar it earst songen waard troch de Amerikaanske artyst Paul Anka, waarden yn Itaalje in miljoen en wrâldwiid trije miljoen eksimplaren ferkocht. In oar grut súkses wie Se Telefonando, songen troch Mina, dat yn Itaalje de op fjouwer nei bêst ferkeapjende single fan 1966 wie. Oare artysten mei wa't Morricone gearwurke, wiene û.o. Joan Baez (Here's to You, 1971), de Pet Shop Boys (It Couldn't Happen Here, 1987), Zucchero (Libera l'Amore, 1989), k.d. lang (Love Affair, 1994), Sting (My Heart and I, 2001) en Andrea Bocelli (Conradian, 2006).

Troch syn wurk foar radio en tillefyzje rekke Morricone ein 1950-er jierren foar it earst by de filmyndustry belutsen. Syn earste film wie datoangeande Morte di un Amico fan regisseur Franco Rossi út 1959, wêrfoar't er as dirigint fungearre en ek as mei-komponist fan Mario Nascimbene, hoewol't er foar dat lêste net yn 'e begjintitels neamd waard. Yn 'e 1960-er jierren makke Morricone de soundtracks fan Italjaanske films as Diciotteni al Sole (1962), I Basilischi (1963), Menage all'Italiana (1965), Come Imparai ad Amare le Donne (1966), L'Harem (1967), Ruba al Prossimo Tuo (1968) en L'Alibi (1969). Ien fan 'e earste westernfilms wêrfoar't er de muzyk makke, wie Duello nel Texas (1963).

 
Ennio Morricone yn 2007.

Morricone syn grutte trochbraak kaam yn 1964, doe't er foar it earst gearwurke mei de Italjaanske regisseur Sergio Leone foar de spagettywestern A Fistful of Dollars, mei yn 'e haadrol Clint Eastwood. Dat wie it earste diel fan in trijelûk dat letter mei weromwurkjende krêft de Dollars Trilogy neamd is. It twadde diel, For a Few Dollars More, kaam yn 1965 út, mar it wie it trêde diel, The Good, the Bad and the Ugly, dat Morricone as filmkomponist wrâldferneamd makke. Fral de weromkearende meldij The Ecstasy of Gold waard tige by tige bekend. De soundtrack fan The Good, the Bad and the Ugly wurdt no beskôge as fan reuseftige ynfloed op 'e fierdere ûntwikkeling fan 'e ynternasjonale filmmuzyk. Yn 1968 hie Morricone op 'e nij grut súkses mei syn muzyk foar in film fan Leone, te witten: Once Upon a Time in the West, mei ûnder oaren it nûmer Man with a Harmonica. Fan it soundtrackalbum fan dy film waarden wrâldwiid mear as tsien miljoen eksimplaren ferkocht en de muzyk wurdt sjoen as fan hast like grutte ynfloed as de sountrack fan The Good, the Bad and the Ugly.

Morricone makke ek de soundtracks fan spagettywesterns fan regisseurs as Sergio Corbucci en Sergio Solima. Oare Italjaanske films wêrfoar't Morricone de filmmuzyk skreau, wiene û.m. Le Streghe fan Mauro Bolognini (1966), en 1900 (útspr.: Novecento) fan Bernardo Bertolucci (1976). Yn 'e Jeropeeske sinema wiene syn bekendste soundtracks dy fan 'e films La Cage aux Folles (1978) en La Cage aux Folles II (1980) fan Édouard Molinaro, Il Ladrone (1980) fan Pascuale Festa Campanile, La Cage aux Folle 3: 'Elles' Se Marient (1985) fan Georges Lautner, en ¡Átame! (1998) fan Pedro Almodóvar.

 
Ennio Morricone yn 2015 dirigearjend yn 'e Festhalle Frankfurt.

Yn Hollywood skreau Morricone de muzyk foar û.o. de western Two Mules for Sister Sara (1970) fan Don Siegel mei yn 'e haadrollen Clint Eastwood en Shirley MacLaine; de horrorfilm Exorcist II: The Heretic (1977) fan John Boorman; de science fiction-horrorfilm The Thing (1982) fan John Carpenter; de histoaryske misdiefilm Once Upon a Time in America (1984) fan Sergio Leone; de fantasyfilm Red Sonja (1985) mei Arnold Schwarzenegger en Brigitte Nielsen; it histoarysk drama The Mission (1986) mei Jeremy Irons; de plysjefilm oer de Drûchlizzing The Untouchables (1987) mei Kevin Costner, Robert De Niro en Sean Connery; de anty-oarlochsfilm oer de Fjetnamoarloch Casualties of War (1989) fan Brian De Palma; de plysjefilm oer de Secret Service In the Line of Fire (1993) mei Clint Eastwood en Rene Russo; en de wearwolvefilm Wolf (1994) mei Jack Nicholson en Michelle Pfeiffer.

Morricone syn filmmuzyk waard yngeand werbrûkt foar oare films en fral foar tillefyzjesearjes, lykas foar de Dútske Krimisearje Derrick (1989), en yn 'e Feriene Steaten foar de rjochtbankdramasearje Ally McBeal (2001), de tekenfilmsearje The Simpsons (2002) en de misdiesearje The Sopranos (2001-2002). Fral de Amerikaanske regisseur Quentin Tarantino liende Morricone syn muzyk geregeldwei foar syn films, lykas it gefal wie by Kill Bill: Volume 1 (2003), Kill Bill: Volume 2 (2004), Inglourious Bastards (2009) en Django Unchained (2012). Yn 2014 sei Morricone nei't it skynt dat er "nea wer" mei Tarantino gearwurkje woe, al is oer dat sitaat letter wat kontroverse ûntstien. Hoe dan ek, hy skreau yn 2015 in orizjinele soundtrack foar Tarantino syn film The Hateful Eight.

Erkenning bewurkje seksje

Morricone waard foar syn muzyk seis kear nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele filmmuzyk, wêrûnder yn 1979 foar de film Days of Heaven fan Terrence Malick, yn 1987 foar The Mission fan Roland Joffré, yn 1988 foar The Untouchables fan Brian De Palma, yn 1992 foar Bugsy fan Barry Levinson, en 2001 foar Malèna fan Giuseppe Tornatore. De iennichste kear dat er de priis wûn, wie yn 2016, foar The Hateful Eight fan Quentin Tarantino. Yn 2007 waard oan Morricone fierders de Eare-Oscar, in oeuvrepriis, takend.

 
Ennio Morricone ûntfangt de Per Artem ad Deum-medalje út 'e hannen fan aartsbiskop Gianfranco Ravasi.

By de Golden Globes waard Morricone acht kear nominearre yn 'e kategory bêste orizjinele filmmuzyk, wêrûnder yn 1985 foar Once Upon a Time in America fan Sergio Leone, yn 1988 foar The Untouchables, yn 1990 foar Casualties of War fan Brian De Palma, yn 1992 foar Bugsy, en yn 2001 foar Malèna. Hy wûn de priis trije kear: yn 1987 foar The Mission, yn 2000 foar La Leggenda del Pianista sull'Oceano fan Giuseppe Tornatore, en yn 2016 foar The Hateful Eight fan Quentin Tarantino. Morricone waard fierders yn 1982 tegearre mei Carol Connors nominearre foar de Golden Globe foar bêste orizjinele liet foar It's Wrong for Me to Love You yn 'e film Butterfly fan regisseur Matt Climber.

Morricone waard ek fiif kear nominearre foar de priis foar bêste orizjinele filmmuzyk by de Grammy Awards, wêrûnder yn 1995 foar Wolf fan Mike Nichols, yn 1997 foar L'Uomo delle Stelle fan Giuseppe Tornatori, yn 1999 foar Bulworth fan Warren Beatty, en yn 2017 foar The Hateful Eight fan Quentin Tarantino. Hy wûn de priis ien kear, yn 1988 foar The Untouchables fan Brian De Palma. Fierders waard Morricone yn 2017 ek nominearre foar de Grammy foar bêste ynstrumintale liet foar L'Ultima Diligenza di Red Rock yn The Hateful Eight. Hy wûn yn 2007 de Grammy foar bêste ynstrumintele liet foar Man with a Harmonica yn Once Upon a Time in the West, waard yn 2009 opnommen yn 'e Grammy Hall of Fame foar de filmmuzyk fan The Good, the Bad and the Ugly en ûntfong yn 2014 de Grammy Trustees Award, in oeuvrepriis.

Ek wûn Morricone seis BAFTA's (de wichtichste Britske filmprizen) foar bêste orizjinele filmmuzyk, yn 1980 (Days of Heaven), 1985 (Once Upon a Time in America), 1987 (The Mission), 1988 (The Untouchables), 1991 (Cinema Paradiso) en 2016 (The Hateful Eight). Fierders waard Morricone fiif kear nominearre foar in Globe d'Oro en wûn ien (yn 1993 foar Il Lungo Silenzio fan Margarethe von Trotta), en wûn er alve kear de Nastro d'Argento, fiif kear de ASCAP Award en twa kear de European Film Award. Ek waard er trije kear nominearre foar de César du Cinéma en santjin kear foar de David di Donatello (wêrfan't tsien kear wûn). Ta ein beslút wûn er yn 1995 de Gouden Eareliuw fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

 
Ennio Morricone yn 2009 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje.

Priveelibben bewurkje seksje

Morricone troude op 13 oktober 1956 mei Maria Travia, mei wa't er yn 1950 yn 'e kunde kommen wie. Travia skreau lietteksten by de muzykstikken fan har man. Ta har wurken hearre û.m. de Latynske teksten by de filmmuzyk foar The Mission. Morricone en de frou krigen fjouwer bern: soannen Marco (1957), Andrea (1964), dy't letter sels ek wurke as dirigint en filmkomponist, en Giovanni (1966) en dochter Alessandra (1961). Morricone wenne syn hiele libben yn syn bertestêd Rome en wegere stiiffêst him yn Hollywood nei wenjen te setten, ek al hie dat better west foar syn karriêre.

Ferstjerren bewurkje seksje

Ennio Morricone kaam op 6 july 2020 it akademysk sikehûs fan 'e Università Campus Bio-Medico yn syn wenplak Rome yn 'e âlderdom fan 91 jier te ferstjerren. De deadsoarsaak waard foarme troch ferwûnings dy't er oprûn hie doe't er thús delknoffele wie.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.