Erik Gustaf Geijer

Erik Gustaf Geijer (Ransäter, 12 jannewaris 1783 - Stokholm, 23 april 1847) wie in Sweedsk romantysk skriuwer, komponist en histoarikus.

Erik Gustaf Geijer

Geijer waard berne op de bûtenpleats Geijersgården, yn Ransäter, Värmland. Hy wie lid fan de Sweedske Akademy fan 1824 ôf en dosint skiednis fan 1817 ôf oan de Universiteit fan Uppsala dêr't er betocht wurdt mei in stânbyld. Yn 1835 waard er lid fan de Keninklike Sweedske Akademy foar Wittenskippen. Geijer wie teffens lid fan de Götyske Feriening ("Götiska förbundet"); yn de earste útjefte fan it ferieningstydskrift, Iduna, ferskynde Geijer's ferneamde gedicht 'De Wytsing' (1811), dat it byld fan de Wytsing sa't wy ús dat meast foarstelle jout: de heldhaftige Noarman. It gedicht betsjutte in kearpunt yn it tinken oer- en in rehabilitaasje fan de Noarske kultuer by de Sweden fan de romantyske gegeraasje.

Geijer waard ferneamd as nasjonalistysk-konservatyf skriuwer, mar letter wurdt syn wurk realistysker, is er mear dwaande mei skiednis en wurdt er in pleiter foar sosjale herfoarming en Liberalisme.

Geijer sette in tal koarte gedichten op muzyk en skreau in stikmannich pianosonaten, strykkwartetten en stikken foar koar.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan Wikipedia en:,Erik Gustaf Geijer oanfold mei feiten út de Dútske Wiki