De Erotixxx Awards (foarhinne de eLine Awards of Eroticline Awards neamd) binne in groep Jeropeeske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt op 'e eroFame-erotykbeurs yn it Dútske Hannover, troch it faktydskrift Medien eLine.

Erotixxx Award
algemiene ynformaasje
hist. namme eLine Award
Eroticline Award
nasjonaliteit Dútsk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch eroFame-erotykbeurs
frekwinsje 1x jiers
plak Hannover (Dútslân)
1e útrikking 2005
offisjele webside
gjint
Party fan 'e winners fan 'e eLine Awards yn 2006.

De earste útrikking fûn plak yn 2005 yn mear as tweintich kategoryen. Fan 2005 oant 2008 hieten de Erotixxx Awards noch eLine Awards of Eroticline Awards, en oant en mei 2009 waarden se útrikt op 'e Venus Berlin-erotykfakbeurs yn 'e Dútske haadstêd Berlyn. Dêr ferfongen se de útrikking fan 'e Venus Awards, dy't fan 1994 oant 2004 op it Venus Berlin plakfûn hie. Yn 2010 kaam de Venus Award lykwols werom en wiek de Erotixxx Award út nei Hannover.

De winners fan 'e Erotixxx Award wurde keazen troch in kombinaasje fan in faksjuery en in stimming ûnder de webmasters en registrearre leden fan beskate Dútske pornografyske websiden. De útrikkingsseremoanje fynt plak yn it ramt fan in galabarren. Under de pornoaktrises dy't alris in Erotixxx Award wûn hawwe, binne Tera Patrick, Tarra White, Jesse Jane en Annina Ucatis. De Amerikaanske pornoprodusint Larry Flynt krige yn 2007 de eLine European Adult Life Style Award takend.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.