Eva Karera, echte namme ûnbekend (Luik, 6 maaie 1979), is in Belgysk fotomodel, neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Waalsk komôf, wa har artystenamme ek (mis)stavere wurdt as Eva Karrera, Eva Carrera of Eva Carera, en dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Eva en Eva K.

Eva Karera
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Eva, Eva K, Eva Karrera,
Eva Carrera, Eva Carera
echte namme ?
nasjonaliteit Belgysk
berne 6 maaie 1979
berteplak Luik
etnisiteit Waalsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, prostituee
jierren aktyf 20072020
offisjele webside
www.clubevakarera.com

Libben

Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, wenne Karera fjouwer jier yn Turkije, dêr't se in p.r.-baan hie, en letter brocht se ek noch in jier yn Egypte troch, dêr't se wurke as dûkynstruktrise. Nei't se yn Belgje weromkeard wie, iepene se in eigen moadebûtyk. Dat late derta dat hja as fotomodel begûn te wurkjen, yn 't earstoan inkeld foar de klean dy't yn har eigen winkel ferkocht waarden, mar doe't se dêr súkses mei hie al rillegau ek foar oaren. Nei ferrin fan tiid begûn ek te posearjen foar linzjerykatalogussen en noch wer letter sette se útein mei neaken te posearjen foar manneblêden. Yn 2007, doe't se 28 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film.

Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in stik as tachtich films spile, earst noch yn Jeropeeske produksjes, benammentlik foar Frânske filmmakkers as Marc Dorsel, mar yn 2008 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr wurke se foar sokke foaroansteande porno-labels as Evil Angel, Diabolic Video, Wicked Pictures, New Sensations, Digital Sin, Sin City en Jules Jordan Video. Ek wurket se in protte foar websiden as Brazzers, Naughty America en Reality Kings. Fierders is Karera fan 2012 ôf aktyf as feature dancer yn Amerikaanske stripklubs, en teffens wurket hja as escort.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: