Evil Angel (filmstudio)

Evil Angel of Evil Angel Productions, foarhinne wol gekjeiend The Evil Empire neamd, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Van Nuys, in wyk fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje.

Evil Angel Productions
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Van Nuys (Kalifornje)
oprjochte 1989
oprjochter John Stagliano
eigner John Stagliano
offisjele webside
www.evilangel.com

Skiednis bewurkje seksje

Evil Angel waard yn 1989 oprjochte troch pornoregisseur en -akteur John Stagliano, byneamd Buttman. Evil Angel stie oan 'e widze fan 'e gonzo-pornografy, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno, dat folle goedkeaper te meitsjen is as it subsjenre fan feature films, de eigentlike films. Mei gonzo fêstigen John Stagliano en Evil Angel al hiel gau harren namme en wûnen se withoefolle prizen. Der waarden ferneamde regisseurs en pornoaktrises oanlutsen, wat makke dat Evil Angel fluch grutter groeide. Ek op 't heden hat Evil Angel noch ferneamde regisseurs yn tsjinst, lykas Joey Silvera, Rocco Siffredi, Nacho Vidal, Mike Adriano en Belladonna.

 
Evil Angel-eigner John Stagliano.

Yn 1997 die út in ûndersyk fan it blêd U.S. News and World Report bliken dat Evil Angel de meast winstjaande pornografyske filmstudio fan 'e Feriene Steaten wie. Sûnt 'e midden fan 'e njoggentiger jierren hat it label him ûntjûn ta ien fan 'e grutste pornostudio's, en yn 2006 waard it troch it parseburo Reuters omskreaun as ien fan it hantsjefol studio's dat de Amerikaanske pornoyndustry dominearret.

Gearwurking mei oare labels bewurkje seksje

Yn 1990 rjochten Stagliano en Patrick Collins tegearre de studio Elegant Angel op, dat de seis jier dêrnei as in dochterûndernimming fan Evil Angel operearre. Yn 1996 makke Collins Elegant Angel ta in selsstannich bedriuw, en yn 1998 snie er alle bannen mei Evil Angel troch. De breuk tusken him en Stagliano is omskreaun as "net bepaald freonlik". Jules Jordan, dy't yn 1999 as regisseur by Evil Angel kaam te wurkjen, rjochte yn 2006 syn eigen bedriuw op, Jules Jordan Video, dat noch altiten nau gearwurket mei Evil Angel.

Striid tsjin piraterij bewurkje seksje

Evil Angel-baas John Stagliano en Jules Jordan hawwe sein dat se op it mêd fan skeining fan harren copyright in nultolerânsjebelied fiere, en se hawwe al mannich in rjochtsaak oanspand tsjin lju dy't sy as piraten beskôgen. Yn 2007 waard yn ien sa'n piraterijsaak oan Evil Angel en Jules Jordan Video $17½ miljoen takend (wêrfan $12,2 miljoen oan Evil Angel), wat de grutste skeafergoeding wie dy't ea yn sa'n saak oplein wie (hoewol't it bedrach úteinlik, yn heger berop, leger útfoel).

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.