Eysingahûs (Ljouwert)

It Eysingahûs of Vegelinhûs wie in stins yn Ljouwert, oan de Turfmerk foar de Kânselarij oer. It gebou wie fan 1881 oant 2013 (ûnderdiel fan it) Frysk Museum.

It Eysingahûs yn 2011

It hjoeddeiske gebou waard in fazes boud tusken 1777 en 1806. It hie as foargonger it Vegelinhûs, dêr't allinnich de 16e-iuwske kelder fan oer is. Dat as ienige yn dizze gevelrige dwers setten hûs foar de Kânselarij oer waard yn 1709 kocht troch Hessel Vegelin fan Claerbergen, grytman fan Haskerlân en eigener fan Heremastate op De Jouwer. Syn heit wie hofmaster fan de steedhâlder en sil it Dekemahûs njonken it Steedhâlderlik Hof bewenne hawwe.
Oant 1772 waard it hûs bewenne troch de bekende skriuwer, riedshear, grytman en deputearre Johan Vegelin van Claerbergen (1690 - 1772). Syn soan Hessel, dy't al yn 1750 ferstoar op 27-jierige leeftiid, hat syn Memoires neilitten. It hûs stie rjocht foar de Kânselarij en skean foar it Lânskipshûs fan de Steaten fan Fryslân oer. De eigener bewenne it hûs benammen as de lândagen hâlden waarden en it bestjoer fergadere.

Oant 1879 bleau it hûs yn de Eysinga-famylje. Yn dat jier waard it troch jonkfrou C.A. de Beaufort, mei-erfgenamte fan jonkhear Tjalling Aedo Johan fan Eysinga (1790-1858) dy't yn it hûs berne wie én selsmoard die, foar mear as f. 15.000,= ferkocht oan it Friesch Genootschap. Koart dêrnei, yn 1881, hat dit genoatskip it Eysingahûs yn gebrûk nommen as it Frysk Museum.
Yn de 90er jierren fan de 20e iuw ûndergie it museum in grutte útwreiding en yn oansluting dêrop is ek besocht it ynterieur op de belle-etaazje fan it Eysingahûs safolle mooglik wer de alluere te jaan dy't past by in foar fryske ferhâldings grutte aadlike stedswenning út dy tiid.

Nei it realisearjen yn 2012 fan it nije Frysk Museum oan it Saailân yn Ljouwert waard it Eysingahûs foar it symboalyske bedrach fan 1 euro oerdroegen oan monuminte-organisaasje Feriening Hendrick de Keyser. Der folge in restauraasje en de yndieling fan de begeane grûn waard yn de oarspronklike tastân werombrocht. De keamers en oare fertrekken waarden ynrjochte mei meubels en dingen sa't it der yn 1781 útsjoen kinnen hie. It pân mei de nije namme Museumhûs Van Eysinga waard 29 novimber 2018 foar it publyk iepensteld.[1]

Stylkeamers bewurkje seksje

Bewenners bewurkje seksje

  • 1709 Hessel Vegelin fan Claerbergen
  • - 1773 Johan Vegelin fan Claerbergen
  • 1773-1828 Frans Julius Johan van Eysinga
  • 1828-1829 Schelto Hessel Roorda van Eysinga
  • 1836-1857 Catharina Johanna van Eysinga, troud mei Pieter de Beaufort
  • 1857-1879 Cornelia Anna de Beaufort
  • 1879-2012 Frysk Museum

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden - W. Eekhoff, 1846
  • Adelshuizen in Leeuwarden, M.W. Meijer, 1980
  • Stinsen en States, adellijk wonen in Friesland, 1992
  • Seeckere voortreflijcke huijsinghen, voornaam wonen in Leeuwarden
  1. ---------Frysk Deiblêd, 29 novimber 2018