Ezra-Nehemia is bûten it joadendom de wenstige oantsjutting foar it boek Ezra (Hebriuwsk: עזרא, Ezra) yn 'e joadske Bibel. Yn 'e Tenach is ntl. nea de út 'e trêde iuw datearjende opspjalting fan Ezra en Nehemia yn twa boeken trochfierd, sa't dy yn 'e kristlike Bibel wol bestiet. Ezra-Nehemia falt yn 'e joadske yndieling ûnder de Ḵeṯuḇim, de Geskriften, en is it it 23ste bibelboek (fan 24). It boek fertelt oer de weromkear fan 'e Joaden út 'e Babyloanyske Ballingskip en harren weropbou fan 'e Timpel en de stêd fan Jeruzalim, troch trije opinoar folgjende missys, laat troch Serûbbabel, Ezra en Nehemia, dy't op ynskunen fan God útstjoerd wurde troch de keningen fan it Perzyske Ryk. It doel fan it boek is net sasear om in part fan 'e Joadske skiednis fêst te lizzen, as wol om sjen te litten dat sels de machtige Perzyske keningen mar wurktugen fan God binne.

Ezra-Nehemia
algemiene gegevens
oarspr. titel עזרא ("͑Ezra")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk, Arameesk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun 6e4e iuw f.Kr.
bondel Tenach
rige
rige Tenach
● foarich diel Ester
● folgjend diel Kroniken

Hoewol't de talmoedyske tradysje hawwe wol dat Ezra-Nehemia skreaun is troch de preester Ezra, is dat idee troch moderne bibelwittenskippers en teologen fansiden reage. It grutste part fan 'e tweintichste iuw draaide de strideraasje om it auteurskip fan Ezra-Nehemia fral om 'e fraach oft it Ezra wie dy't sawol Ezra-Nehemia as de Kroniken skreaun hie, of dat it de anonime kronykskriuwer wie dy't ek Ezra-Nehemia skreaun hie. Mar koarterby is it almar dúdliker wurden dat sawol Ezra-Nehemia as de Kroniken in folle yngewikkelder skiednis hawwe as dat foarhinne tocht waard, en dat se allegear ta stân kommen binne troch gearstalling en bewurking troch in ferskaat oan skriuwers en redakteurs. It is noch altyd ûndúdlik wannear't Ezra-Nehemia krekt datearre wurde moat; de úteinlike ferzje sil út it hellenistyske tiidrek stamje.


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.