Fâltum (Nederlânsk: Fatum) is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke, yn de himrik fan Tsjom. Fâtum leit besuden Tsjom oan de Wommelserwei yn 'e rjochting fan Wommels.

Yn de buorskip stiet in wynmûne dy't deselde namme hat. De buorskip is ûntstien op in terp dêr't de Wommelserwei oerhinne rint. Yn 1433 waard de delsetting yn in kopy Faltma neamd, yn 1457 Faltum, yn 1511 Fautum en yn 1718 Faldum en Faatum. Yn de 19e iuw komme dy lêste twa neist Fatum ek noch foar.

De plaknamme wiist nei alle gedachten nei it feit dat it wenplak (him/um) wie fan of stichte troch de persoan Falda of Falte. Soms wurdt ek tocht dat de namme ferwiist nei in wenplak by in skieppekoai of plak dêr't molken wurdt (fald).

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. van Berkel & K. Samplonius (2018), Nederlandse plaatsnamen verklaard
 
Plakken yn de gemeente De Waadhoeke
 
Stêd: Frjentsjer

Doarpen en útbuorrens: AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp

Buorskippen: AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part) • DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein