Fêsteljûn (Hylpersk: houmanhou) wie de jûn foar Jiskewoansdei. Al iuwen foar de Reformaasje wiene der gebrûken lykas it rûngean fan bern mei Fêsteljûnferskes by de rommelpôt it ferklaaien yn bûnte travestyklean en it bakken fan stro bekend. Hjirút ûntstie it sprekwurd: "Sa drok as de panne op Fêsteljûn".

Fêsteljûn
Pieter van der Heijden

Yn in almenak fan 1672 wurdt sprutsen fan "gritte vreughde vjoeren", mar fan dy fjoeren is likemin eat oer as fan it "loopen dansen ende speelen", wêr't it Hof fan Fryslân har yn 1566 tsjin kearde. Yn ús tiid is it ferskynsel bûten de roomske fermiddens ûnbekend.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: