Fûgelfaai is in histoaryske term yn it strafrjocht, dy't oanjout dat immen by wize fan bestraffing foar halsmisdriuwen alle rjochten ôfnommen wiene. Dat woe sizze dat it in elk frijstie om him (of har) te deadzjen of lykfolwat oan te dwaan. It gie by sokke fûgelfaaiferklearrings altyd om feroardielings by ferstek, om't de ferklage net foar it gerjocht ferskynd wie en der dus gjin direkte straffen oplein wurde koene. It wurd 'fûgelfaai' ferwiisd nei de iesitende fûgels dy't op galgefjilden taholden; "faai" betsjut "yn gefaar" of "yn noed"; dus in fûgelfaaie wie immen dy't konstant oan it gefaar bleatstie om ies foar de fûgels te wurden.

Fûgelfaaien wiene alle boargerlike en publike rjochten ûntnomd. Dat betsjutte û.m. dat se gjin nasjonaliteit mear hiene en foar de wet ek gjin besittings mear hawwe koene. Faak waard der troch de oerheid ek noch in beleanning útlove foar de dea of fangst fan in fûgelfaaie. Yn it spraakgebrûk hie sa'nent dan 'in priis op syn holle'. Yn prinsipe wiene fûgelfaaien dus bûten de wet pleatst, wat de Ingelske oantsjutting outlaw ferklearret (out is "bûten" en law is "wet"), dat tsjintwurdich lykwols ek wol as synonym mei 'misdiediger' brûkt wurdt.

Histoarysk is term 'fûgelfaai' yn it kollektyf oantinken fral mei de Midsiuwen en it Wylde Westen ferbûn. Ferneamde fûgelfaaien wiene de Ingelske Midsiuwske folksheld Robin Hood (fûgelfaai ferklearre troch kening Jan sûnder Lân); tsjerkeherfoarmer Marten Luther (yn 1521 yn 'e ban dien troch keizer Karel V); de Nederlânske opstanneling Willem fan Oranje (yn 1580 yn 'e ban dien troch de Spaanske kening Filips II); en ferskate banditen út it Wylde Westen, lykas Billy the Kid, Jesse James en de Dalton-binde. In gefal út 'e moderne tiid wie de skriuwer Salman Rushdie, tsjin wa't yn 1989 in fatwa (religieus fûnis) útsprutsen waard troch de Iraanske ayatolla Rûholla Chomeini (mei as gefolch dat er yn 'e praktyk ta fûgelfaaie makke waard).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side.