In fûke is in stik ark dat brûkt wurdt yn 'e fiskerij (benammen yn 'e binnenfiskerij) yn 'e foarm fan in fan netten of wylgeteannen makke fâle foar fisken. Sa'n fûke bestiet út in stikmannich efterinoar pleatste trachters, dêr't fisken (yn 't bysûnder iel) maklik yn swimme, mar hast net wer útkomme kinne. Fûken wurde yn 'e boaiem fêstset mei fûkestokken. Se besteane út in yngong (de snabbe), dy't by it opheljen mei in tou (it snabbetou), tichtreaun wurde kin, in middendiel (it middelliif) en in útein (de snabein). Faak hat in fûke ek twa sydtrachters, dy't wjukken neamd wurde en ûnderstipe wurde troch wjukstokken.

Fûken hingje te drûgjen (Suderseemuseum)
Dizze side giet oer it fiskersark fûke. Foar oare betsjuttings, sjoch: fûke (betsjuttingsside).

In fûke wurdt ûnder wetter pleatst op in gaadlike lokaasje, it leafst op in plak dêr't wat streaming stiet. De iepening wurdt dan de kant út set dêr't de streaming wei komt. It plak dêr't in fûke stiet, wurdt boppe it wetteroerflak ornaris markearre troch in stikmannich lange stokken. Ut en troch komt de fisker dêr ris del om 'e fongen fisk derút te heljen. Yn Nederlân komme behalven fisken ek gauris muskusrotten fêst te sitten yn fûken; om't dy oars as fisken net ûnder wetter sykhelje kinne, fersûpe se as se yn in fûke betize reitsje. Ek amfibyen en kreefteftigen fangt men net selden by fersin yn in fûke.

Oerdrachtlik gebrûk bewurkje seksje

Yn oerdrachtlike sin wurdt wol sprutsen fan "yn 'e fûke rinne", in sprekwurd dat basearre is op 'e wurkwize fan it fiskersark. Soks bart bygelyks as de plysje yn 't foar lucht krigen hat fan in oerfal, ynbraak of oar misdriuw en de dieders op it plak delikt opwachte wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.