Fandom is in term (ôfkomstich út it Ingelsk) dy't brûkt wurdt om in subkultuer dy't bestiet út fans (in fanbase) mei oan te tsjutten, en alle aktiviteiten dy't sokke fans yn it ramt fan harren leafhawwerij ûndernimme. It fandom wurdt karakterisearre troch in gefoel fan empaty en freonskip tusken de fans ûnderling, dy't ommers in yngeande mienskiplike belangstelling foar in beskaat ûnderwerp diele. It is karakteristyk foar sokke fans dat se sels ynteressearre binne yn 'e lytste details oangeande sa'n ûnderwerp, en in oansjenlik part fan harren tiid deroan besteegje om sokke details út te finen. Tsjintwurdich is it troch it bestean fan sosjale media folle makliker om sokke kennis mei oare fans te dielen as dat it foarhinne wie.

In fandom kin him oppenearje om lykfol hokker ûnderwerp fan minsklike belangstelling hinne. Dat kin in band, sporttiim of persoan wêze, mar ek in hobby (bgl. postsegelsammeljen), in sjenre (bgl. science fiction), in boek (bgl. de Harry Potter-rige) of in moadeferskynsel. Hoewol't de oantsjutting 'fandom' no foar alle mêd brûkt wurdt, waard dizze Ingelske term fan oarsprong inkeld brûkt oangeande sport. It foaroansteande Amerikaanske wurdboek Merriam-Webster's Dictionary ornearret dat it wurd teminsten oant 1903 weromgiet.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.