Federaasje fan Fryske Studinteferienings

De Federaasje fan Fryske Studinteferienings, hjirnei ôfkoarten as 'de Federaasje', is in gearwurkingsferbân fan Fryske studinteferienings. De Federaasje is oprjochte op 22 desimber 1930. Op it stuit binne der trije ferienings oansletten: D.S.S.F.S. Aldgillis út Delft, de F.F.J. Bernlef út Grins en it W.S.S.F.S. út Wageningen. Earder wiene ek de ferienings Redbad út Utert en Tsjerk Hiddes út Ynskedee oansletten, mar dy ferienings besteane net mear.

Fia de Federaasje ûnderhâlde de studinteferienings kontakten mei tal fan Fryske organisaasjes. Sa hat de Federaasje fertsjinwurdigers sitten yn De Ried fan de Fryske Beweging, de Fryske Rie en it Europeesk Buro foar de lytse talen.

De Federaasje is net allinnich in oerlisorgaan, der binne ek tal fan aktiviteiten. It pronkstikje fan de Federaasje is dochs wol it jierlikse Krystkongres yn Frjentsjer. Alle jierren wurdt dit organisearre tusken Kryst en Nijjier. Meastentiids wurdt der dan in foarumdiskusje hâlden wêryn't de studinten harren fisy jaan kinne oer in bepaald tema. Ek is der alle jierren wer in Kabaretkriich mei datselde tema. Nei it serieuze part is der tiid foar wat ûntspanning, dat de jûns is der gauris grut feest en der wurdt dan ek noch striden om de Bierkëlka (tsjelk foar de bierdrinkestafette tusken twa studinteteams). Foar de simmer wurdt der foar de oansletten selskippen in kamp organisearre. Yn de ûneven jierren is dat it Amelânkamp, op in even jiertal wurdt der in sylkamp organisearre. Ek is der alle jierren in 'federaasje-keatswedstriid'.

Om dit alles yn goede banen te lieden hat de Federaasje in bestjoer dat gearstald is út de leden fan de ferskillende oansletten selskippen. Foar tal fan saken binne der ek noch kommisjes dy't it bestjoer in protte wurk út hannen nimme.

Keppelings om utens bewurkje seksje