Felix Louis Ortt (Grins, 9 juny 1866 - Soest, 15 oktober 1959) wie ien fan de wichtichste teoretisy fan it kristenanargisme yn Nederlân. As hy mei ien wurd typearre wurde moat soe dat grif filosoof wêze. Der binne gjin skerpe grinzen tusken de ûnder oanjûne oantsjuttings. Hy stie ek bekend as fegetaarjer.

Felix Ortt, 1906

Wettersteatkundige bewurkje seksje

Ortt is oplaat ta sivyl yngenieur, spesjalisearre yn de wettersteatkunde. Yn 1887 studearre hy op de Polytechnyske Skoalle yn Delft ôf op de pealwjirm. Hy kaam dêrnei neffens famyljetradysje yn tsjinst by Rykswettersteat. Doe't hy belutsen wie by it wurk oan it Merwedekanaal krige hy malaria. Hy wie nei eigen sizzen ôfskreaun troch de reguliere genêskunde, mar hie neffens himsels baat by de natuergenêskunde. Ek waard hy fegetaarjer en hielûnthâlder, in kar dy't beskiedend west hat foar syn fierdere libben en rinbaan. Neidat hy om reden fan sûnens oerpleatst wie nei Brielle kaam hy yn 1894 te wurkjen by de algemiene tsjinst fan Rykswettersteat yn De Haach. Hjir ûntwikkele hy in systeem foar it opstellen fan tijtafels foar de Nederlânske kust, it systeem Ortt/De Bruin (1895), dat it njoggentich jier folhâlden hat.

Yn 1899 ferliet hy de tsjinst omdat hy eventuele wurksumheden oan de haven fan Den Helder as oarlochstarieding opfette. Dit wie net te ferienjen mei syn nije politike opfettings. Hy die ek ôfstân fan syn aadlike titel en erfenis en ferliet de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Hy waard partikulier sekretaris fan C. van der Hucht-Kerkhoven en rekke yn dize funksje sterk belutsen by it Nederlânske Bûn ta Bestriding fan de Fiviseksje, oprjochte troch it eachtpear Van der Hucht. Oant flak foar syn dea soe hy belutsen bliuwe by de striid tsjin de fiviseksje, yn de foarm fan rapporten, tydskriftartikels en brosjueres.

Kristenanargist bewurkje seksje

As propagandist foar fegetarisme en hielûnthâlding komt Ortt yn kontakt mei de radikale jonge fleugel fan de moderne rjochting yn de Nederlânske herfoarme tsjerke, dy't organisearre wie yn it Nederlânske Protestantenbûn mei as orgaan De Hervorming. Dy jongereinstreaming stie sterk ûnder ynfloed fan it godstsjinstich-maatskiplik tinken fan de Russyske skriuwer Lev Tolstoj, dat troch folgelingen omskreaun waard as kristenanargistysk (sjoch ek: Tolstojanen). Tolstoj seach de Berchrede as de kearn fan de evangeeljes, en hjiryn wie wer de warleazens en it ôfwizen fan elk geweld it haadprinsipe. Yn 1897 skieden dizze jongeren har ôf en joegen se it blêd Vrede út. Ortt skreau yn itselde jier Christelijk anarchisme, letter yn 1897 werprinte ûnder de titel Het beginsel der liefde.

Ortt syn sosjalistyske opfettings binne útsein troch Lev Tolstoj sterk beynfloede troch Frederik van Eeden, mei wa't hy sûnt syn jeugd kontakt hie. Hy wie belutsen by de Feriening Gemeenschappelijk Grondbezit dy't de oprjochting en gearwurking fan troch de arbeiders sels behearde bedriuwen neistribbe. Hy wie in skoftlang redakteur fan it tydskrift De Pionier dat hjir by hearde.

De Nederlânske kristen-anargisten organisearren har yn de Vereniging Internationale Broederschap (it bleau in Nederlânske feriening), die binnenlânske kolonisaasje as earste stribjen hie: it mienskiplik yn gelykheid en bruorskip ûndernimmen fan lânbou en niverheid (yn de geast fan Jezus Kristus, wie de statutêre doelstelling). Yn 1899 waard in koloanje ynrjochte op skrale grûn yn Blaricum, oankocht troch de geastbesibbe heechlearaar Jac. van Rees, dy't sels net yn de koloanje wenjen gie. Belutsenen wienen ûnder oare de teoretisy J. K. van der Veer, Lodewijk van Mierop, Anne de Koe, S. C. Kylstra.

Yn de koloanje sieten net folle faklju en seker net folle fakminsken dy't de heechstimde opfettings fan de oprjochters hielendal dielden. Ortt wie fan 1902 - 1903 yn de koloanje belutsen by de drukkerij en útjouwerij Vrede. By de spoarstaking fan 1903 waarden der gearkomsten fan it stakingskommitee op de koloanje hâlden. Dat wie in stikel yn 'e foet fan de befolking fan Laren en Blaricum, dy't dizze reade "gersfretters" (fegetaarjers) en "neakenrinders" (men droech gjin hoed en soms net iens sokken!) dochs al wantroude. In dronkene kloft stichte brân yn de koloanjegebouwen. De anargistyske kolonisten moasten ûnder beskerming fan de wapene oerheidsmacht útnaaie.

Doe't der sels sprake wie fan wapene ferdigening fan de koloanje gienen de inisjatyfnimmers fuort. Dit betsjutte ek effektyf de ein fan de kristenanargistyske organisaasje. Ortt liet yn geskriften blike mear as syn nocht fan syn saneamde geastbesibben te hawwen en luts him in skoft werom. Ortt soe noch meast gearwurkje mei syn freon en meistrider Lod. van Mierop, oant ûnferienberens fan humeur tusken harren beide froulju oan de gearwurking in ein makke.

Hy wie in skoft redakteur fan Vrede en it blêd dat hjir in fuortsetting fan wie, De Vrije Mensch. Yn 1915 hearde hy by de ûndertekeners fan it Tsjinstwegerings-manifest, in oprop ta yndividuele tsjinstwegering dy't mannichien dy't it ûndertekene yn de Nederlânske finzenis bedarje liet. Ortt waard net ferfolge, reden om krekt it Nederlânske ferfolgingssysteem oan te kleien (It peil fan ús rjochtswêzen, 1916). Hy hat him hjirnei net mear ynsetten foar in organisaasjefoarm fan kristenanargisten. Hy hat net belutsen west by de nije organisaasjes fan religieus-anargisten fan nei de Earste Wrâldoarloch.

Fegetaarjer bewurkje seksje

Ortt wie fegetaarjer en hat in grutte rol spile yn de Nederlandse Vegetariërsbond. Hy hat ek foarsitter fan it Nederlânske Fegetaarjersbûn west.

Humanitêr ûnderwiis en Rein Libben bewurkje seksje

Sûnt de oprjochting yn 1901 ta de opheffing yn 1929 wie Ortt (soms sydlings) belutsen by de Rein Libben Beweging. Dy organisaasje wie dwaande mei it yn geskriften bestriden fan de ûnderling gearhingjende problemen fan de geslachtssykten en prostitúsje. Ien fan de middels wie it foar dy tiid pitertuerlike seksuele foarljochting, dy't stees ûnder ferwizing nei rein achte leafde jûn waard. Eigentlik wie geslachtsferkear allinnich akseptabel als soks it setten fan winske bern as doel hie. Dit slute it brûken fan foarbehoedmiddels, en yn de praktyk diene homoseksualiteit út.

Ortt hat - yn dizze geast - dochs in foaropwurd skreaun by wat as earste Nederlânske foarljochtingsbrosjuere foar homoseksuelen beskôge wurdt (fan de hân fan geastbesibbe J.H. François, "Een Hunner"). De gehielûnthâlding wie net los te sjen fan it reine libben. Ek wie it foar de kristenanargistyske Rein-Libben-minsken ûnakseptabel dat de frou yn en troch it houlik in ûnderhearrige status krige. Ortt sleat as earste yn 1905 in min-ofte-mear as sadanich erkend "frij houlik" mei Tine Hinlópen. It hast net los te sjen ferbûn gehiel fan fredesstribjen, fegetarisme, fiviseksjebestriding en dierebeskerming, rein libben en gehielûnthâlding waard yn syn tiid as humanitêre streaming of humanitarisme oantsjutten.

Dit humanitêre stribjen organisearren Van Mierop en Ortt, neidat se yn 1908 neist elkoar komd wienen te wenjen yn Soest, yn de Stichting Chreestarchia (Hearskippij fan it Bêste). De stifting joech boeken út (û.o. de Rein Leven-bibliotheek) en rjochte in skoalle op humantêre grûnslach (Van der Huchtûnderwiis), oarspronklik yn Soest flakbij de wenning fan de inisjatyfnimmers, de Engendaalskoalle, letter Van der Huchtskoalle neamd. Ortt is benammen krekt bûten Nederlân bekend wurden as pedagooch, benammen wat betreft syn opfettings oer de needsaak fan seksuele foarljochting en syn ynliedingen ta it religieuze libben. Hy hat ek mearkesboeken en Bibelske ferhalen in frijsinnige geast foar bern en "de lytskes" skreaun. Hy mocht troch syn akademyske oplieding net foar de legere-skoalklassen en koe dus allinnich as skoalassistint by de skoalle wurkje dy't hy sels oprjochte hie. Oant op hege leeftiid holp hy bern mei it hûswurk ("Omke Felix").

Filosoof, spiritistysk teoretikus en humanitarist bewurkje seksje

Ortt die net oan eksperiminten, mar wie wol oertsjûge fan de wierheid fan it spiritisme. Syn filosofyske beskôgings hawwe dy oertsjûging - noch wolris tsjin better witten yn - stees as eftergrûn. Hy hat in monistyske filosofy ûntwikkele op it grinsflak fan teology, filosofy, parapsychology en natuerwittenskip, it pneumat-energetysk monisme. It hat gjin skoalle makke. Neist it spiritisme spilet ek syn natuerwittenskiplike oplieding yn syn beskôgings mei.

Hy wie ien fan de earsten dy't yn Nederlân de relativiteitsteory fan Einstein foar in breed publyk útiensetten hat en dêrby yn ferbân brocht hat mei it spiritisme (De relativiteitstheorie van Einstein uiteengezet voor een wiskundig niet-geschoold publiek). Ortt woe oant hege leeftiid redakteur fan Spiritische bladen, it tydskrift fan de feriening fan spiritisten Harmonia, en hâlde lêzings foar dit genoatskip. Hy wie fan begjin ôf oan belutsen by de Nederlânske ôfdieling fan de Society for Psychical Research.

Yn de striid tsjin de fiviseksje botste hy inkele kearen mei meistanners dy't de ferhalen oer it marteljen fan bisten en de bedoelings fan de fivisektoaren slimmer ôfskilderje woene as't te ferantwurdzjen wie. Hy stie der op dat de yntegriteit fan de oanbelangjende ûndersikers net ter diskusje steld waard en dat se op har eigen termen bestriden wurde moasten. Dit late ta in spjalt yn de anty-fiviseksje beweging. Ortt woe dy gearwurkje litte mei de Nederlandsche Vereeniging voor Natuurgeneeswijze, dêr't hy ek fan begjin ôf oan by belutsen wie. Doe't de foarman fan dy feriening, Hettema, oan de foute kant kaam te stean by de Dútske besetting distansearre Ortt him fan de feriening. De besetting wie fierder ek in brekpunt: it prinsipe fan de warleazens en it de oare wang takearen yn de geast fan Tolstoj like him mei de ferskrikkings fan it nazybewâld eigentlik net te ferienjen.

Yn in grut diel fan syn aktive libben hûsfêste hy it Fegetarysk Burot foarljochting en tips joech, in bibleteek behearde en wie hy boppedat redakteur fan de Vegetarische Bode. Foar de VARA-radio hat hy inkele programma's oer it fegetarisme fersoarge en hy hat itensiedersboeken skreaun.

Literatuer - al as net sydlings - oer Ortt bewurkje seksje

  • Tolstoj in Nederland fan Rudolf Jans, Bussum 1952
  • Nakend op de fiets fan A. Perdeck, De Haach 1967
  • Blauwe en rode jeugd - Een bijdrage tot de geschiedenis van de Nederlandse jeugdbeweging tussen 1853 en 1940 van Ger Harmsen, Nymwegen 1973 (twadde printinge).
  • Bedrijven in eigen beheer - Kolonies en produktieve associaties in Nederland 1901-1958 fan Frans Becker en Johan Frieswijk, Nymwegen 1976.
  • Religieus anarchisme in Nederland tussen 1918 en 1940: in het rijk der vrijheid fan Hans Ariëns, Laurens Berentsen & Frank Hermans, Swol 1984
  • De kolonie van de Internationale Broederschap te Blaricum van Maria W.J.L. Boersen, Blaricum 1987
  • Onze god is een arbeider - de Nederlandse christen-anarchisten omstreeks de eeuwwisseling fan André de Raaij, Amsterdam 1989
  • Natuurlijk, ethisch en gezond - vegetarisme en vegetariërs in Nederland 1894-1990 fan André de Roo, Amsterdam 1992
  • Het getij en wij in útjefte by gelegenheid fan de hûndertste útjefte fan 'Getijtafels voor Nederland', De Haach 1996.
  • De wereld in een dorp - schilders, schrijvers en wereldverbeteraars in Laren en Blaricum 1880-1920 fan Lien Heyting, Amsterdam 1994.
  • Reis door de hel der onschuldigen - de expressieve politiek van de Nederlandse anti-vivisectionisten fan A. Kluveld, Amsterdam, 2000
  • Droom en dimensie van André de Raaij (noch te ferskinen)