Fenetsjaanske Skoalle

De Fenetsjaanske Skoalle (Nederlânsk: Venetiaanse School) wie in streaming fan komponisten yn de renêssânse dy't yn de perioade fan sawat 1550 oant 1610 yn Feneetsje wurken. De earste komponist út dy skoalle wie de Flaming Adriaan Willaert. Wichtige komponisten fan letter wiene Cypriano de Rore, Claudio Merulo, Andrea Gabrieli, Giovanni Gabrieli en Claudio Monteverdi.

Nei de dea fan Paus Pius X en de Sacco di Roma waard de kulturele betsjutting fan Rome minder en waarden oare Italjaanske stêden, dêr't Feneetsje ien fan wie, wichtiger. De grutte romte fan de San Marcobasilyk frege in hiel oare wize fan komponearjen as de polyfoane styl fan de Franco-Flaamske skoalle. Fierder easke it konsylje fan Trinte in goede fersteanberens fan de muzyk, wat ek in beheining foar de polyfoane styl wie. De kompisten begûnen te eksperimintearjen mei de romte fan de San Marcobasilyk en stelden meardere koaren en groepen ynstrumintalisten op ferskate plakken yn de tsjerke op. Dêrtroch ûntstie it foar de Fenetsjaanske muzyk sa wichtige skaaimerk mearkoarigens mei cori spezzati. Foar it earst yn de skiednis fan de westerke muzyk begûnen no ek dynamyk (lûdssterkte) en klankkleur in rol te spyljen yn de komposysje (tink bygelyks oan it ferneamde Sonata pian e forte fan Giovanni Gabrieli). Ek spile de Fenetsjaanske skoalle in wichtige rol yn de emansipaasje fan de ynstrumintale muzyk, dy't him oant dan ta amper fan de fokale muzyk ûnderskate.

De Fenetsjaanske skoalle hie in grutte ynfloed op de iere barokmuzyk yn hiele Jeropa. Foaral út Dútslân wei setten in soad komponisten op Feneetsje ta om dêr les te nimmen. De bekendste dêrfan is Heinrich Schütz, yn syn wurk is de ynfloed fan de Fenetsjaanske dûbelkoarigens dúdlik te hearren.