Fenna Mastenbroek

Fenna Mastenbroek (Snits, 16 maart 1788 - dêre, 3 oktober 1826) wie in skriuwster, benammen fan berneboeken.

Fenna Mastenbroek
skriuwer
Fenna Mastenbroek
Fenna Mastenbroek
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 16 maart 1788
berteplak Snits
stoarn 3 oktober 1826 (38 jier)
stjerplak Snits
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre berneboek, lektuer foar froulju

Biografy bewurkje seksje

Sy wie de dochter fan Pieter Jacob Mastenbroek (1759-1829), houthanneler, en Janneke Theunis ten Cate (1760-1830). Fenna Mastenbroek bleau frijfaam. Sy wie de âldste yn in húshâlding mei trije famkes en twa jonges. Har heit hie in grutte houtmûne en hie dêrneist ferskate funksjes: kommissaris fan it bakkersgilde, boekhâlder fan it geastlike steatsgoed en lid fan it gerjocht. Sûnt 1790 wennen se op Kleinzand 60, in hearehûs dêr't Fenna de earste stien foar lein hie. Se waard strang-minnistysk opbrocht, mar wie sels folle frijsinniger.

Skriuwster bewurkje seksje

 
Fenna Mastenbroek (Cornelis Wester

Yn 1815 ferskynde de bondel 'Lectuur voor vrouwen', in jier letter diel twa. Yn it foaropwurd skriuwt se: Voor mannen te schrijven is minder mijn taak, dewijl daartoe veelal een geleerdheid wordt gevorderd, welke ik niet bezit, en die ook, volgens ’t algemeen oordeel, geen sieraad der vrouw is. As 34-jierrige joech se lieding oan in lêsselskip foar Snitser froulju. Fenna Mastenbroek skreau romans, koarte ferhalen en gedichten dy't meast op froulju en bern rjochte wiene. De romans en ferhalen spylje har ôf yn in folslein Nederlânske omjouwing en geane in soad oer it al as net finen fan houlikslok, it dwaan fan húshâldlik wurk en it lieden fan in from libben. Yn 'Linda Brandenburg’, (1815), rôp se op ta berêsting ‘in de leiding der Voorzienigheid’. Yn de roman 'Wilhelmina Noordkerk (1818) stelde hja lichtsinnichheid en de hing nei frjemde seden oan de kaak dêr't ek yn bûtenlânske boeken oer skreaun waard. Yn it nei har dea ferskynde De kunst om gelukkig te worden (1826) kaam it stribjen nei in godfruchtich libben nei foaren; ek it opfieden fan bern moast rjochte wurde op it libben nei de dea.

Har poëzij bestiet út in soad gelegenheidsgedichten yn almanakken en tydskriften. As redaktrise yn it Jaarboekje door Natuur en Kunst aan Genoegen Gewijd publisearret se bygelyks 'Welkomst-groet' (1824), dat skreaun wurdt by har te gau berne muoikesizzer. Se levere ek bydragen oan Philopaedion Tijdschrift voor de Jeugd (1822-1831). Se hie ek kontakten mei skriuwsters as Francijntje de Boer, Anna Barbara van Meerten-Schilperoort en Petronella Moens. Foar Moens hat se in ynskripsje skreaun yn har Liber Amicorum (1825).

Fenna Mastenbroek hie in swakke sûnens en wie faak siik. Se koe dit neffens har freondinne Anna Barbara van Meerten-Schilperoort útstean troch har sterke leauwe. Se stoar op 38-jierrige leeftiid yn har âldershûs yn Snits. Nei oanlieding fan har dea publisearre dr. P. Camper út Sutfen in Latynsk lofdicht op har.

Reputaasje bewurkje seksje

Ferskate titels waarden al by har libben op 'en nij printe en yn 1839 waarden fjouwer ferhalen út it twadielige Onderhoud voor huiselijke en gezellige kringen (1823-1825) opnij útjûn: 'Frederika Groenwoud', 'Familie Suzenheim', 'Agatha Berkenstein', 'Charlotte Walter', en 'Constantine Geldenhor'. Op de 'Zedelijke verhalen uit de bijbel' waard troch hûnderten minsken yntekene. In resensint fan de Vaderlandsche Letteroefeningen (1815) skreau oer it earste diel fan 'Lectuur voor vrouwen': Onder deze titel ontvangen wij een zestal zo uitmuntende zedelijke verhalen, dat wij niet weten, wat een waardige moeder in een boek, dat haar dochter ter uitspanning, of dat zij met haar dochter ter uitspanning lezen zal, anders verlangen zou. Der waard miend dat dizze ferhalen ûnmooglik troch in frou skreaun wêze koenen en tocht dat se help hân hawwe moast fan in man. Letter waard Mastenbroek wurdearre om har bevallige schrijfstijl en boeiende wijze van verhalen mei godsdienstige toon en leerzame strekking (Eekhoff, 155). Yn 1914 neamde R. Zuidema har skriuwstyl frijwat los foar har tiid (NNBW) en Meindert Cornelis Nijland priizge har ‘veredelende invloed’ op froulju en bern (De Navorscher, 1924). Gerrit Komrij hat har gedicht ‘Welkomst-groet’ opnomd yn De Nederlandse kinderpoëzie in 500 en enige gedichten (2007).

Publikaasjes bewurkje seksje

  • Lectuur voor vrouwen, bestaande uit onderscheidene verhalen ter veredeling van het hart, 2 delen (Grins 1815-1816; werprintinge: Ljouwert 1844).
  • Wilhelmina Noordkerk: eene geschiedenis, ter aanprijzing van oud vaderlandsche zeden, voor Nederlandsche vrouwen en meisjes (Haarlim 1818).
  • Zedelijke verhalen uit den Bijbel, voor vrouwen en meisjes, 2 dielen (Snits 1822-1824).
  • Onderhoud voor huiselijke en gezellige kringen, 2 dielen (Snits 1823-1825).
  • Jansje Welbergen, of de verijdelde boosaardigheid, Almanak voor het Verstand en het hart (Amsterdam 1826) 125-154.
  • De kunst om gelukkig te worden. Een geschenk voor jeugdigen (De Haach 1826).
  • [mei Francijntje de Boer], Zedelijke verhalen en dichtstukjes voor meisjes (Dimter, 2e printinge 1832).
  • Werprintinge fan alle bydragen yn Jaarboekje door Natuur en Kunst aan Genoegen Gewijd (1824)

Literatuer bewurkje seksje

  • Besprekingen van Mastenbroeks werk yn: Vaderlandsche Letteroefeningen 1 (1815) 732-735; 1 (1816) 456; 1 (1819) 308-312; 1 (1823) 455-457; 1 (1824) 410-411; 1 (1826) 317-318; 1 (1827) 126-129; 1 (1827) 306-307; De recensent, ook der Recensenten 9/1 (1816) 187-189, 381-387; Boekzaal der Geleerde Wereld (1816)2, 440-442.
  • Overlijdensbericht Fenna Mastenbroek, Algemeene Konst- en Letterbode (1826) 2, 259.
  • A.B. van Meerten-Schilperoort - Iets over Fenna Mastenbroek, Penélopé 4 (1826) 6, 163-168.
  • P. Camper - Elegia in obitum Fennae Mastenbroek. Tabularum moralium auctoris, Algemene Konst- en Letterbode 2 (1826) 275-278.
  • Uit de schriften van Fenna Mastenbroek. Lectuur voor Vrouwen. Augusta Lindenholm. J.M. Schrant red., Proeven fan Nederlânske proaza styl, út sân iuwen (Gint 1929) 587-591.
  • Wopke Eekhoff - Fenna Mastenbroek en Francijntje de Boer, Nieuwe Friesche Volks-Almanak 12 (1864) 152-162.
  • M.C. Nijland - Fenna Mastenbroek, De Navorscher 73 (1924) 14-19.
  • Marjoke Rietveld-van Wingerden - Jeugdtijdschriften in Nederland & Vlaanderen 1757-1942 (Leien 1995) 30.
  • Lia van Gemert en Ans J. Veltman-van den Bos - Schrijfsters in de literaire kritiek tussen 1770 en 1850, Nederlandse Letterkunde 2 (1997) 258-270.
  • Toos Streng - Geschapen om te scheppen? Opvattingen over vrouwen en schrijverschap in Nederland, 1815-1860 (Amsterdam 1997) 7, 9, 16-17, 25.
  • Frits Huiskamp - Naar de vatbaarheid der jeugd. Nederlandstalige kinder- en jeugdboeken 1800-1840. Een bibliografische catalogus (Leien 2000) 259-260.
  • P.J. Buijnsters en Leontine Buijnsters-Smets - Lust en leering. Geschiedenis van het Nederlandse kinderboek in de negentiende eeuw (Swol 2001) 41, 43, 426.
  • Angela Zengers - De Almanak voor vrouwen door vrouwen. Meidielingen fan de Stichting Jacob Campo Weyerman 26 (2003) 118-126.
  • Ellen Krol - Vijftig jaar behoefte aan “vast, zedelijk voedsel”. De Wolff en Dekentraditie in de kritiek van 1786 tot 1836, yn: Peter Altena en Myriam Everard red., Onbreekbare Burgerharten: de historie van Betje Wolff en Aagje Deken (Nymwegen 2004) 67-72, dêre 69.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oer Fenna Mastenbroek
  • Tresoar, Ljouwert: knipselmap oer Fenna Mastenbroek.
  • [http:www.databasewomenwriters.nl (desimber 2007) Fenna Mastenbroek]
  • Frysk Skipfeart Museum, Snits: knipselmap oer Fenna Mastenbroek.
  • Noard-Hollânsk Argyf, Haarlim: gedicht troch Fenna Mastenbroek t.g.f. begraffenis J. Veen, opdroegen oan syn widdo A. (?) van Meurs, 1812 [Bibl.: 44-001455M].
  • Leeuwarder Courant 30 july 1885
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Mastenbroek, Fenna.