Ferdôvingsgewear

In ferdôvingsgewear is in gewear wêrmei't inkeld ferdôvingsprojektilen ôfsketten wurde kinne troch in systeem op basis fan lucht-, gas- of feardruk. Sokke projektilen, dy't almeast ferdôvingspylkjes neamd wurde, binne yn prinsipe ynjeksjenullen mei oan 'e efterútein in pluzich sturtsje dat derfoar soarget dat de luchtdruk yn it gewear net om it pylkje hinne fuortlekke kin. Ferdôvingsgewearen wurde troch in ferdôvingsmiddel yn 'e ynjeksjenulle fan it pylkje brûkt by it ferdôvjen fan wylde bisten, sadat dy sûnder gefaar foar minskelibbens fongen, ferpleatst of medysk behannele wurde kinne. Behalven út in ferdôvingsgewear kinne ferdôvingspylkjes ek ôfsketten wurde út in krúsbôge of in blaaspiip.

In ferdôvingsgewear mei in -pylkje.

It gebrûk fan ferdôvingspylkjes giet werom op it al tûzenen jierren besteande ferskynsel dat lânseigen folken foar de jacht pylken (ôfsketten mei in bôge) of pylkjes (ôfsketten mei in blaaspiip) brûke, wêrfan't se de punten ynsmard hawwe mei natuerlik foarkommende soarten gif. Soks komt benammen fan pas as it bejage wyld heech yn 'e beammen libbet, of sa fluch is dat in minske it te foet net byhâlde kin. Hoewol't de praktyk fan it ferdôvjen fan wylde bisten troch it gebrûk fan 'e blaaspiip en pylkjes mei in net-deadlik gif al yn 'e njoggentjinde iuw troch guon Westerske natoerûndersikers oernommen waard, ûntstie it moderne ferdôvingsgewear pas yn 'e 1950-er jierren, doe't it útfûn waard troch de Nijseelânske bistedokter en farmakolooch Colin Murdoch.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.