Ferdrach fan Detroit (1855)

It Ferdrach fan Detroit wie in formele oerienkomst tusken de Odjibwe- en Ottawa-Yndianen dy't oarspronklik it súdlike en sintrale part fan Neder-Michigan bewennen, en it regear fan 'e Feriene Steaten. It waard op 31 july 1855 sletten yn 'e Amerikaanske stêd Detroit. Under de betingsten fan dit ferdrach waarden foar de Odjibwe en Ottawa dy't hast tweintich jier earder, by it Ferdrach fan Washington fan 1836, harren lân ôfstien hiene oan 'e Feriene Steaten, ferskate reservaten stifte yn it noardwesten fan Neder-Michigan, of waarden besteande reservaten oanpast.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: