Ferdrach oangeande de wurking fan de Jeropeeske Uny

Yn it Fedrach oangeande de wurking fan de Jeropeeske Uny (FwJU), ek wol it Wurkingsferdrach neamd, is in ferdrach sletten tusken de lidsteaten fan de Jeropeeske Uny. Yn it FwJU stiet wat it foech fan de Jeropeeske Uny is en op hokker wize de Jeropeeske Uny dat foech útoefenje kin. Tegearre mei it Ferdrach oangeande de Jeropeeske Uny foarmet de FwJU foarmet it de grûnslach fan it polityk systeem fan de JU.

De FwJU is in feroare ferzje fan it Ferdrach fan Rome, it ferdrach dat yn 1957 ta de oprjochting fan de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip. It ferdrach waard fan krêft yn 2009, doe’t de Jeropeeske Mienskip ophold te bestean mei de ôfskaffing fan de pylderstruktuer troch it Ferdrach fan Lissabon (2007). Yn maart 2011 waard in nije paragraaf oan kêst 136 fan it ferdrach taheakke wêrmei’t it Jeropeesk Stabiliteitsmeganisma fêstige waard.