In ferhanneling, einferhanneling, skripsje of tesis of (ein)ferhanneling is in wittenskiplik opstel dat in ferpllichte ûnderdiel is fan in akademyske oplieding. Hoewol’t it belang fan de skripsje en de easken dy’t der oan steld wurde de universiteit en de stúdzjerjochting oars binne, is de skripsje meast it lêste ûnderdiel fan de oplieding. Nei it klearmeitsjen fan de skripsje oan de universiteit studearje jo ôf en krije jo de akademyske graad doktorandus, yngenieur of Master. Meast is de skripsje in ferhanneling oer in beskaat ûnderwerp nei oanlieding fan eigen ûndersyk.

Yn de bachelor-masterstruktuer is it in ferplichte ûnderdiel fan de masterstúdzje en hjit no masterskripsje.

Eltse studint dy’t oan in skripsje, tesis of ferhanneling wurket, wurdt meast troch ién dosint of heechlearaar mei foech begelaat, mei kwaliteitskontrôle troch ien of mear kollega’s (ferlykje ôfstudearkommisje) oan de ein fan it trajekt. De saneamde ôfstudearkring is in alternatyf foar begelieding troch ien dosint of heechlearaar.

De kandiaat sil syn skripsje ferdigenje foar syn ôfstudearkommisje. Ofhinklik fan it krekte reglemint de oplieding en it karakter fan it ôfstudearwurk (ynterne of eksterne staazje) bestiet dy kommisje út de ôfstudearbegelieder(s), en eventueel in oare dosint en/of eksterne saakkundige, bygelyks út it bedriuwsliben of in oare universiteit of hegeskoalle.

Foar skreaune wurkstikken yn it middelber ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis wurdt de term skripsje, einferslach, einwurk, praktyske opdracht of gauris profylwurkstik ek wol hantearre, al of net ûnderdiel fan in yntegrearre proef.

Yn ferskate lannen binne der skripsjeprizen foar de bêste skripsje fan it jier. De Flaamske Skripsjepriis beleannet alle jierren in fertsjinstlike skripsje mei in priis fan 2.500 euro, keppele oan de publikaasje fan it ûndersyk. Ek de Keninklike Flaamske yngenieursferiening (KVIV) jout in priis foar in fertsjinstlik einwurk of skripsje yn de technologyske sfear ûnder de namme Flaamske yngenieurspriis. Yn Nederlân binne ferskate prizen wêrûnder de Leo Plak Skripsjepriis en de Ynternet Skripsjepriis.

Sjoch ek bewurkje seksje