Ferlossertsjerke (Kopenhagen)

De Ferlossertsjerke (Deensk: Vor Frelsers Kirke) is in barokke tsjerke yn de Deenske haadstêd Kopenhagen. De karakteristyke toer hat in swarte spits mei fergulde dekoraasje en in trep, dy't tsjin de klok yn om 'e spits hinne rint.

Ferlossertsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
adres Sankt Annæ Gade 29, 1416 Kopenhagen
koördinaten 55° 40'N 12° 35'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Kopenhagen
Arsjitektuer
arsjitekt Lambert van Haven

torenspits Lauritz de Thurah

boujier 1682-1695; spits 1752
boustyl barok
Webside
www.vorfrelserskirke.dk
Kaart
Ferlossertsjerke (Kopenhagen)
Ferlossertsjerke

De Ferlossertsjerke waard yn de jierren 1682-1696 ûnder lieding fan de yn Noarwegen berne arsjitekt Lambert van Haven boud. It gebou folget de styl fan de Nederlânske barok en hat de foarm fan in gryksk krús. Jierren letter, yn 1752, waard troch de arsjitekt Laurids de Thurah de toer tafoege. De ynspiraasje foar de spits fûn de arsjitekt yn de Sant'Ivo alla Sapienza te Rome, dy't in soartgelike toer hat.

Yn 'e toer fan de Ferlossertsjerke hinget it grutste klokkespul fan Skandinaavje. Ien fan harren klokken waard troch Deenske soldaten as oarlochsbút út it Sweedske Vänersborg meinommen.

Besikers kinne oer 400 trêden de toer beklimme, oer de lêste 150 trêden moat men bûten om de spits hinne rinne. Boppe op de toer stiet in fjouwer meter heech ferguld byld fan de opstiene Kristus.

It alter fan Nicodemus Tessin en it grutte oargel mei 57 registers binne it besjen wurdich.

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: