Ferri Somogyi (folút: Ferenc Imre Somogyi, útspr.: ['fɛrɛnʦ 'imrɛ so'moʤi], likernôch "ferrents imrè sòmmòdzjy"; Hilversum, 3 juny 1973) is in Nederlânsk akteur en live-discjockey fan mingd Nederlânsk-Hongaarsk etnysk komôf. Hy is benammen bekend wurden mei syn rol as Rik de Jong yn 'e RTL-soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden.

Ferri Somogyi
akteur
Ferry Somogyi (links)
Ferry Somogyi (links)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ferenc Imre Somogyi
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 juny 1973
berteplak Hilversum (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
Hongaarsk
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
ferrisomogyi.nl

Libben en karriêre bewurkje seksje

Somogyi waard yn 1973 berne yn Hilversum. Hy is foar in fjirdepart fan Hongaarsk etnysk komôf, mei't syn pake oan heitekant in Hongaarske ymmigrant wie. Syn heit is de sjoernalist Imre Somogyi. Nei it ôfrûnjen fan 'e HAFU studearre Somogyi in jier kompjûterkunde oan it Mesa Community College yn it Amerikaanske San Diego. Neitiid kearde er werom nei Nederlân om syn tsjinstplicht te ferfoljen.

Wylst er in kear mei ferlof wie, die Somogyi audysje foar Goede Tijden, Slechte Tijden, wat der úteinlik ta late dat him, nei't er in jier by it castingburo fan Harry Klooster wurke hie, de rol fan Rik de Jong taparte waard, dy't spesjaal foar him skreaun wie. Somogyi spile dêrnei fan 1995 oant 2003 mei yn Goede Tijden, Slechte Tijden, wylst er ûnderwilens ek gastrollen yn 'e searjes Baantjer, De Garage, Bon Bini Beach en Het Glazen Huis ferfolle en meispile yn 'e film Jezus Is een Palestijn (1999).

Yn 2002 emigrearre Somogyi nei de Feriene Steaten mei as doel om in aktearkarriêre yn Hollywood te begjinnen. Wylst er om utens ferbleau, wied der dochs noch geregeldwei op 'e Nederlânsk tillefyzje te sjen, û.m. yn it realitytillefyzjeprogramma Hotel Big Brother. Nei't syn Amerikaanske aventoer mislearre wie, kearde Somogyi wer werom nei Nederlân, dêr't er yn 2007 syn âlde rol yn Goede Tijden, Slechte Tijden wer weromkrige. Dêrby wie it earst de bedoeling dat dat foar fjouwer moannen wêze soe, mar syn kontrakt waard hieltyd wer ferlinge, oant er yn jannewaris 2014 dochs noch út 'e searje skreaun waard.

Njonken syn aktearwurk is Somogyi ek aktyf as live-discjockey. Ek died er yn 2008 mei oan 'e kwis Ranking the Stars en wied er yn 2011 lid fan in tiim dat dielnaam oan 'e spulshow Fort Boyard.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.