Festival

evenemint

In festival (fan it Aldfrânske festival, dat wer weromgiet op it Latynske festivalis) is in evenemint fan lju dy't belangstelling hawwe foar in beskaat ûnderwerp. Fan oarsprong waard de term benammen brûkt foar grutskalige feesten dy't troch mienskippen fierd waarden omreden fan in religieuze of kulturele oanliedings, lykas in hjeldei of in folkloristysk feest. Ek wiene in protte festivals ferbûn mei de lânbou, en yn 't bysûnder mei de ein fan 'e rispinge of de ûngetiid. Tsjintwurdich wurdt it wurd 'festival' ek oare grutskalige feestlike eveneminten brûkt; bygelyks om te ferwizen nei muzykkonserten troch ferskate bands en/of muzikanten (muzykfestival), of nei eveneminten dêr't nije films sjen litten wurde (filmfestival) of dêr't kabaretmakkers harsels presintearje (teäterfestival).

Optocht fan bierweinen ûnder it Dútske Oktoberfest.

Festivals tsjinje gauris ek om 'e bannen binnen in spesifike mienskip of subkultuer oan te heljen. De dielnimmers krije dan troch harren dielname oan it festival it gefoel dat se ta in religieuze, maatskiplike, etnyske of geografyske groep minsken hearre, wat sterk bydraacht oan it groepsbewustwêzen. Festivals soargje fierders fral foar fermaak, eat dat benammen wichtich wie foar't der in entertainmentyndustry bestie dy't syn produkten fia tillefyzje, radio, ynternet en oare media fersprate. Faak soargje festivals ek foar de fersprieding fan ynformaasje oer in beskaat ûnderwerp, fral as se in religieus, kultureel of etnysk tema hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.