Sophia Gerharda (Fie) Werkman (Grins, 28 oktober 1915 - dêre, 8 novimber 2002) wie in Nederlânske keunstner.[1]

Libben en wurk bewurkje seksje

Werkman wie de jongste dochter fan de drukker en keunstner Hendrik Werkman en dy syn earste frou Jansje Cremer. Yn 1943 troude se mei Siep van den Berg, mei wa't hja fjouwer bern krige. Sy giene lykwols út inoar en Van den Berg ferhuze yn 1954 nei Amsterdam.

Yn de jierren 50 iepene Werkman in atelier foar bern yn har went yn Grins. As keunstner wie se autodidakt, se tekene, mar waard benammen bekend as kollaazjekeunstner. Sy ûntwikkele dêrfoar in eigen technyk wêrby't se op stof tekene mei lapen, dy't yn drukinket dipt wiene. Sy knipte dêr figueren en foarmen út, dy't hja wer oaninoar naaide.[2] Se wurke op de grins fan abstrakte en de figurative keunst.

Yn de jierren 60 sleat Werkman har oan by de Grinzer keunstnersgroep 'Groep Nu', dêr't ûnder oaren Henri de Wolf en Edu Waskowsky lid fan wiene. Yn 1968 waard har wurk ûnderskieden mei de Priis fan de stêd Parys by in salon foar froulike byldzjende keunstners. Yn 1987 publisearre Werkman in boek oer har heit.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • 1979 Tekeningen. Grins, eigen behear
  • 1987 Herinneringen aan mijn vader Hendrik Nicolaas Werkman. Grins: Egbert Forsten
  • 1996 Schetsen 1970-1990. Tekeningen 1996. Grins: Egbert Forsten
oer Fie Werkman
  • Doeke Sijens, Voetsporen- Fie Werkman en haar vader H.N. Werkman (monografy)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fie Werkman, RKD
  2. Kam. R. de (2002) "Fie Werkman. Kunstenaar." Yn Nieuwsblad van het Noorden, 11 novimber 2002