Fiktor fan Xanten

Fiktor fan Xanten is yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en Otterdokse Tsjerken in fereare hillige. De reliken fan Fiktor wurde sûnt de 12e iuw yn in skryn bewarre, dy't tsjintwurdich ûnderdiel foarmet fan it heechalter fan de domtsjerke fan Xanten. De feestdei fan Fiktor is op 10 oktober.

Fiktor fan Xanten
   hillige
Byld fan Fiktor by it súdlike portaal fan de domtsjerke fan Xanten
Byld fan Fiktor by it súdlike portaal fan de domtsjerke fan Xanten
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 3e iuw
stjerdatum ± 302
stjerplak by Xanten yn Noardryn-Westfalen
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Otterdokse Tsjerke
hjeldei 10 oktober
attributen Lâns mei findel, skyld mei krús, as romeinsk ofsier yn harnas
patroan fan Xanten

Yn Fryslân stiet yn Penjum de Victoriustsjerke, dy't oarspronklik oan Sint-Fiktor wijd wie en yn it ramt fan 'e fúzje fan de grifformearden en herfoarmen de âlde katolike namme werom krige.[1] Oarspronklik wie ek de Kûbaarder tsjerke wijd oan Sint-Fiktor, mar dy draacht hjoeddedei de namme fan Sint-Kristoffel.[2][3]

Oerlevering bewurkje seksje

Neffens de oerlevering yn 'e 11e-iuwske Passio sanctorum Gereonis, Victoris, Cassi et Florentii Thebaeorum martyrum wie de kristlike praefectus cohortis Fiktor lid fan it Tebaanske Legioen. It legioen ûnder lieding fan Sint-Mauritius wie ôfkomstich út it tsjintwurdige Egypte en bestie út 6.600 (of 6.660) leden, dy't harren massaal ta it kristendom bekeard hiene. Neffens in oerlevering soe it legioen yn it besit west ha fan 'e Hillige Lâns, wermei Jezus fan in Romeinsk soldaat yn 'e side stutsen wie.

Doe't keizer Maksimianus it kamp opsloech yn Octodurum (tsjintwurdich: it Frânske Martigny) easke dy foar in súksesfolle striid tsjin de Bagauden oan de Romeinske goaden te offerjen. Mauritius en syn legioen wegeren dat en gyngen nei Agaunum (tsjintwurdich: St. Maurice d’Agaune), dêr hja harren kamp opsloegen. Nei't hja ferge waarden om werom te kommen en te offerjen, waard it legioen foar straf oant twa kear desimearre en ôfslachte. Neffens de Passio Agaunensium martyrum fan Eucherius wie dat ek omreden dat it legioen fan Mauritius wegere om tsjin kristlike bruorren te fjochtsjen.

It kohort ûnder lieding fan Fiktor koe ynearsten oan de slachtings by Agaunum ûntkomme (it tsjintwurdige Saint-Maurice yn Switserlân), mar waard yn Vetera by Xanten dochs noch oermastere om dêrnei ek de martlerdea te stjerren. Nei de slachting waard it lichem fan Fiktor yn in sompe smiten. Neffens it ferhaal soe keizerin Helena fan Konstantinopel de oerbliuwsels fan Fiktor en syn gesellen by inoar socht ha en liet hja ta oantinken oan de martlers in kapel bouwe.

Ferearing bewurkje seksje

 
Grutte Fiktorskryn (sintraal) mei lofts de buste fan Sint-Fiktor en rjochts de buste fan Helena fan Konstantinopel

Fiktor waard foar it earst troch biskop Gregoarius fan Tours neamd yn gearhing mei it opgraven fan de reliken fan in sekere Mallosus yn Birten by Xanten. Opgravings ûnder de Fiktortsjerke yn Xanten yn 'e jierren 1933-1934 leine in dûbelgrêf bleat, mei dêryn twa tamtearre minsken út it tiidrek 346-398 en dêrnei, yn 1966, in dekorearre grêf út 372-400 fan in man dy't ûnthalze wie. Oer de grêven wiene eartiids kapellen boud. Dêrmei is it bewiis levere dat al yn de 4e iuw yn Xanten in martlerferearing bestie.

De reliken fan Fiktor waarden yn it jier 863 nei Keulen oerbrocht om se foar de Wytsings feilich te stellen. De Wytsings makken mei harren plondertochten yn dy tiid it Ryngebiet ûnfeilich en ferneatigen dêrby ek de Fiktortsjerke fan Xanten.

 
Lytse Fiktorskryn

Yn 'e twadde helte fan 'e 8e iuw waard by de merovingyske tsjerke yn Xanten oer de grêven fan Fiktor en syn gesellen in kleaster boud. It kleaster krige de namme Ad Sanctos, "by de hilligen". De namme gyng oer op de delsetting dy't by it kleaster ûntstie en ûntwikkele him ta de tsjintwurdige plaknamme Xanten.

Alle jierren wurdt op de twadde snein yn oktober de Kleine Viktortracht organisearre. Yn prosesje wurdt dan reliken fan 'e hillige yn 'e lytse skryn fan Sint-Fiktor troch de strjitten fan Xanten droegen. De Große Viktortracht fynt allinne yn jubeljierren plak (foar it lêst yn 1936, 1966, 1991 en 2013). Yn prosesje wurdt dan de grutte skryn út 1150 fan Fiktor út it haadalter helle en troch de stêd en omkriten droegen. By de prossesje wurdt foar in goede rispinge en it behoedzjen foar epidemiën of hongersneed bidden.[4]

De dei dat Fiktor betocht wurdt (10 oktober) is in net ferplichte feestdei yn 'e bisdommen Essen en Bisdom Múnster|Múnster]].

Betizing bewurkje seksje

De oerlevering fan Fiktor as lid fan it Tebaanske Legioen wurdt betize mei de oerleverings fan Fiktor fan Agaunum of Fiktor fan Solothurn. De martler Fiktor fan Agaunum wie nei alle gedachten net lid fan it legioen, mar syn lot wie wol nau mei dat fan it legioen ferbûn.

Om't de namme Fiktor yn 'e kontekst fan it Tebaanske Legioen foar ferskillende martlers brûkt wurdt, is it mooglik dat it yn 'e ferskillende ferzjes om deselde ferearing giet. Wierskynliker is lykwols de tapassing fan it wurd Viktor (latyns foar oerwinner) as titel, en dus net as namme, dy't oan martlers as Oerwinners fan Kristus takend waard.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: